Liveblog | 19 july 2021

Simmerblog: Simmer yn Winaam

Omrop Fryslân docht acht wiken lang ferslach fan alle simmerske aktiviteiten en sport yn Fryslân.
Lêst bywurke: 19 july 2021, 20:38
18:04

Oant moarn!

Dit is de ein fan dit simmerblog oer Winaam. Tank foar it folgjen.
Moarn binne we yn Akkrum en Nes. Oant dan!
18:03

Dit wie Simmer yn Winaam

17:18

Femke en Berber oer de jongerein fan Winaam

De ynwenners komme hjoed, oan it ein fan de dei, byinoar yn it doarpshús. De studinten Femke Terpstra en Berber Elgersma binne der ek. Se krije it drok de kommende dagen: de heit en mem fan Femke hawwe nammentlik in pleats. Dêr sil Femke dizze simmer op passe.
"Fan 'e moarn giene se fuort, mar foar myn gefoel giet it goed. Ik krij der hieltyd mear fertrouwen yn", seit Femke. Dochs wennet se al in skoftsje net mear yn it doarp: se gie nei Enschede om fysioterapy te studearjen.
Femke en Berber
© Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Ek Berber, in freondinne fan Femke, sit no op keamers. Yn Grins docht se de PABO, mar se komt noch altiten nei Winaam, dêr't se keatstraining jout "De keatstraining fyn ik in moaie wize om dochs noch mei de bern yn kontakt te bliuwen, hjir yn it doarp", seit Berber. De twa froulju fine Winaam in moai doarp om yn te wenjen. "Ik fyn it in aktyf doarp", seit Femke. Boppedat is der oeral rêst.
Femke en Berber oer de jongerein fan Winaam
16:41

Hoefsmid Douwe Dokter

Hoefsmid Douwe Dokter wennet yn in âld stasjongebou yn de rjochting fan Frjentsjer. It gebou lei eartiids oan de âlde spoarline dy't fan Harns nei Dokkum rûn, hielendal by de kust del.
Yn it stasjon dêr't Douwe en Naomi wenje, hawwe sy harren eigen smidderij. Douwe Dokter lit ris sjen hoe't it krekt moat, dat ambachtlike izersmeien.
"Ik ha hjir in stik izer. Dêr gean ik in hoefizer fan meitsjen, it moat wol efkes hjit". Sa'n 800 oant 900 graden, om presys te wêzen. "Ik hie it smidsfjoer al efkes oansetten. It leit er no yn. It moat efkes opwaarmje, dat hat efkes syn tiid nedich."
Douwe Dokter en Naomi Weissenbach
© Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Syn freondin Naomi is ek hoefsmid. Yn it bestjoer fan Nederlandse Vereniging van Hoefsmeden kamen Douwe en Naomi inoar tsjin. "Op een gegeven moment sloeg de vlam over."
Yn de smidderij fan hoefsmid Douwe
Hoefsmid Douwe Dokter
16:06

De romantyske skiednis fan Thea Holwerda en Hendrik Dijk

Thea Holwerda, 71 en Hendrik Dijk fan 72 hawwe no foar de fjirde kear ferkearing. It begûn yn harren jonge jierren, doe't Thea en Hendrik 13 en 15 wiene. Mar Thea's heit fûn it mar neat. "Henk hie in namme yn it doarp, dêr mochten je eins gjin ferkearing mei hawwe, dat fûn myn heit", seit Thea. Yn it doarp stie hy bekend as ûndogensk.
In pear jier letter krigen Hendrik en Thea dochs opnij ferkearing. Doe't hy studearjen gong oan de Rietveldakademy, waard de ferkearing nochris ferbrutsen, mar yn Amsterdam kamen se foar de tredde kear byinoar.
En dochs rekke it ek dizze kear wer út. "Asto jong bist, bisto hiel ferskillend", seit Thea. "De ien wit net wat er wol, de oar wol, en oarsom. No is it pas wer oan sûnt 2017."
Se binne noch altiten hiel ferskillend, sizze Thea en Hendrik. Mar dochs passe sy hiel goed byinoar. "It is hast spitich dat der sa'n soad tiid tusken siet", seit Thea. "Mar dat moat soms." Boppedat: de flinterts binne altiten bewarre bleaun.
15:26

Nije buorden foar de Winamer kuierkes

It is hjoed feest yn Winaam. Bûten it doarp, deun by it nije fytspaad, steane fan hjoed ôf nije ynformaasjebuorden, dêr't trije kuierrûten op steane. Dizze rûten hawwe elk in eigen tema: it giet om de Hichtepunterûte, de Terpen-en-wierden-rûte en de Katterûte. Bernarda Hinrichs fan Doarspbelang fertelt dat der genôch te belibjen falt. "Je hawwe hjir yn it doarp in hiel soad punten dêr't in ferhaal by sit, dêr't wat te sjen is. Faak binne it punten mei in skiednis, mar ek de terpetoer", seit Hinrichs.
Der kamen in soad minsken op de iepening fan de buorden ôf. Sa ek de jonge 'Winamer Katsjes' . "We hebben luipaardenprint aan, oortjes en wat smink", fertelt ien fan harren.
Oft it in bytsje leuk is foar jongerein yn Winaam? Jawis, fine de Winamer Katsjes. "Je gaat afspreken met je vrienden, als het lekker weer is ga je zwemmen. Of je gaat bij het dorpshuis, of hutten maken." En no mei de nije buorden kinne sy dus ek moai sa no en dan in blokje kuierje. Sa komt de jongerein de simmer wol troch.
De iepening fan de nije ynformaasjebuorden