Liveblog | 16 july 2021

Simmerblog: Simmer yn De Rottefalle

We binne ta oan de lêste dei fan dizze earste wike fan ús roadtrip troch de provinsje.
Lêst bywurke: 18 july 2021, 09:48
18:00

Noch in noflike dei en oant nije wike!

Dit wie de earste wike fan Simmer yn Fryslân. Nije wike geane wy fierder, oant dan!
17:59

Dit wie Simmer yn De Rottefalle

17:18

"Dêr dogge jo it foar"

Freddy Bult en Aukje Westerhof binne de eigeners fan restaurant De Herberg. En dat al 26 jier lang. Wa't lekker ite wol, wurdt ferrast troch kok Kees Meinderts. Yn elk gefal is it iten sa lokaal as mooglik. "We hâlde fan ferrassingen", seit Aukje. "Wy hawwe in moai menu. Foar wa't in smaak hat dy't der net by sit, meitsje wy gewoan wat oars.
Yn de coronatiid koene minsken iten ophelje by De Herberg. Dêr koene Aukje en Freddy fansels net in soad mei fertsjinje, mar sa kaam it yn elk gefal wer in bytsje op gong. "Asto moaie produkten hast dy'tsto goed klearmakkest en de gasten goed útleist hoe't se it thús op in board lizze kinne, dan krije je dêr wer enerzjy fan", seit Aukje.
Boppedat wiene it de gasten dy't har opfleuren yn coronatiid. "Dy ha ús troch de tiid holpen", seit Aukje. "Minsken dy't spontaan mei in blom oankamen, in kaartsje stjoerden of wat troch de brievebus diene. Dêr dogge je it foar."
Restaurant De Herberg yn De Rotfalle
16:30

Kuorbal feriening Wêz Handich

Feriening Wêz Handich is de kuorbalklup fan De Rottefalle. Hessel van der Heide is spiler, trainer en coach by de feriening. "Dat je de froulju en hearen wat trochinoar hawwe fyn ik moai", seit Hessel.
De klup hat in gearwurking mei Eastermar en Drachtsterkompenije. In tal jierren lyn kaam de gearwurking ta stân. Wêz Handich hie in oerskot oan hearen, by bygelyks Drachtsterkompenije hiene sy dêr net genôch fan. "It is in gesellige feriening", seit Hessel. "Sy fûnen ús dus ek wol gesellich."
Kuorbalferiening Wêz Handich © Omrop Fryslân, Geert van Tuinen
Jan Keuning sit al jierren yn it kuorbaljen, ek al wennet er no yn Dokkum, mar hy is de klup noch altiten trou. Hy is grutbrocht yn De Rottefalle en is hjir noch altiten aktyf, neist it kuorbaljen mei sjongen en it skûtsje. Mar yn Dokkum docht Keuning ek genôch. "Se witte dêr net wat ik hjir doch en hjir net wat ik dêr doch'"
By de kuorbalklup fan De Rottefalle
16:24

In 'Refugio' yn De Rottefalle

It tsjerkje fan De Rottefalle wurdt net in soad mear brûkt foar tsjerketsjinsten: dat bart noch mar 10 kear yn it jier. It tsjerkje is yntusken yn behear fan Stichting Alde Fryske Tsjerken. Sadwaande wurdt it 300 jier âlde gebou no brûkt foar trouwerijen en muzikale eveneminten.
Der is noch wat bysûnders mei dizze doarpstsjerke oan de hân: it is in echte 'Pilgrimsrefugio'. Rottefalle leit nammentlik oan it Fryske Streekpad en it Pad Friese Wouden. Sûnt 1 maaie kinne minsken foar in lyts bedrach oernachtsje yn it tsjerkje.
It publyk komt foar de soberheid, seit Yvette Mulder fan de pleatslike kommisje. Wa't moarns farsk ite wol, kin nei de bakker yn it doarp. Fierder is der streamend wetter en in húske: foar wa't fan sober hâldt, is dat mear as genôch.
Boppedat meie de sliepers sels sjen hoe't se lizze wolle en krije se foar de nacht yn de tsjerke in fjildbedsje mei. Vermeulen: "Se kinne hjir lekker sliepe. It is hjir prachtich rêstich en it is in hiel bysûndere ûnderfining."
De doarpstsjerke fan De Rottefalle is no in 'Refugio'
15:25

Fanatike Jeu de Boules-spilers yn De Rottefalle

It is mar in in lyts baantsje, mar yn De Rottefalle kinne se hoe dan ek Jeu de Boules spylje. It klupke spilers sels is ek net al te grut: it bestiet út seis man. Falt der immen út, dan spilet ien fan de froulju út it doarp mei. "De ploech moat kompleet wêze", sizze dizze fanatike Jeu de Boules-spilers.
Jeu de Boule yn De Rottefalle