Simmerblog: Simmer yn Froubuorren

14 jul 2021 - 18:11

Omrop Fryslân giet op roadtrip troch de provinsje: acht wiken lang komme wy del yn ferskate doarpen en stêden. Hjoed binne we yn Froubuorren! Al sizze se op It Bilt sels benammen Froubuurt. Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen.

18:00
Oant moarn

Dit is de ein fan dit simmerblog oer Froubuorren. Tank foar it folgjen.

Moarn binne we yn Nijewier en Wetsens. Oant dan!

17:50
Sjoch hjir nei de telefyzje-útstjoering oer Froubuorren
17:45
It wie in moaie dei
Foto: Omrop Fryslân, Geert van Tuinen

Mei âld-ynwenners fan Froubuorren en sjongeres Trienke Hoogenberg slute wy dizze moaie dei ôf.

17:20
Trienke en Sido

De kleurrike sjongeres Trienke Hoogenberg komt oarspronklik fan Froubuorren, al komt se der no net sa faak mear. Trienke is in dochter fan de pleatslike ferver, Jan 'Histor' Hoogenberg. Se is lanlik net in ûnbekende, omdat se twa kear mei súkses meidien hat oan it lanlike âldereinsjongfestival. Dêrby waard se in kear twadde en in kear tredde.

Yn Froubuorren wie net folle te dwaan doe't ik jong wie, fertelt se. Se diene oan raaptippen en fierpisjen by it spoar. Trienke woe altyd graach sjongeres wurde. Doe't se 12 jier wie, siet se al by de band 'De Trochsetters'. Se spilen op brulloften en partijen.

Under begelieding fan har partner Sido Martens op gitaar bringt Trienke oan 'e ein fan dizze dei in liet. Fansels yn de Biltske taal.

Trienke Hoogenberg en har partner Sido Martens - Foto: Omrop Fryslân, Geert van Tuinen

Trienke wit in soad anekdoates te fertellen

16:45
Rommert Eenling is efkes werom op de fierljepskâns

In fergetten stikje nostalgy. Dat is de âlde fierljepskâns fan Froubuorren. De bult dêr't it publyk altyd op sit, is der noch. De skâns pykt boppe de reiden út en de pols stiet der noch tsjinoan, mar der wurdt net mear fierljept. De akkommodaasje is ôfkard, want gjin klaaigelegenheid en gjin dûsen. Oait sieten hjir wol 1600 taskôgers, fertelt Rommert Eenling

De pleatslike keatsferiening waard oprochte yn 1958. Earst sprongen se oan de ein it dorp oer de feart. Dy lei der doe noch yn. De oanrin nei de sprong waard dien oer de dyk. Eenling: "Ferkear wie der hast net. As der al in auto oan kaam, dan wie der altyd wol ien dy't dy auto efkes opkearde. Mei in boatsje stutsen de ljeppers nei de sprong de feart wer oer." Letter mei de ruilferkaverling koene de fierljeppers terjochte op wat no de âlde skâns is.

Foto: Omrop Fryslân, Geert van Tuinen

By de âlde fierljepskâns

16:20
Tennisje op in himpkwekerij

Multyfunksjoneel sportsintrum De Buurfrou hat in romrofte foarskiednis, fertelt eigener Bauke Hofman. Doe't syn foargonger deryn siet, waard ûnder de tennishal in ûndergrûnse himpkwekerij ûntdutsen. Dat wie yn 1995 by it ûndersyk nei de ûntfiering fan direkteur Snijder fan technyske gruthannel Lasaulec yn Ljouwert. De man sels waard fêsthâlden yn in bygebou fan in hûs yn Froubuorren. De hiele saak wie yn 16 oeren tiid oplost.

Hofman is sûnt 1999 útbater fan de tennishal, anneks sport- en fitnesssintrum yn Froubuorren. Hy wurke dêrfoar as finansjeel manager yn Amsterdam. Syn frou wurke by de plysje yn Utrecht. Sy hat no in massaazjesalon by de tennishal. Bauke is bliid mei syn oerstap nei it Noarden: "It wennet hjir geweldich. Jo hawwe hjir alle romte."

Foto: Omrop Fryslân, Geert van Tuinen

Geert van Tuinen praat mei Bauke Hofman

15:15
Bistetún Ut Parkie

Esther fynt de kninen it moaist. Se binne sa leaf en sêft om te aaien. In jonkje komt der alle dagen, foaral foar de hinnen, seit er, want kinst dan sjen oft se aaien lein hawwe.

Yn Froubuorren is in lyts bistetúntsje. Ut Parkie bestiet noch net sa lang. Yn febrewaris is it begûn mei in ponny en no rinne der ek hinnen, kninen en in kavia om. En der komme ek noch geiten by. De inisjatyfnimmers meie it terrein frij brûke fan de gemeente.

It bistekampke is ôfset mei stekken. Ut Parkie is inkeld iepen as de meiwurkers der binne. Njonken bern komme der ek heiten en memmen en pakes en beppes.

Frijwilligers en bern yn Ut Parkie. - Foto: Omrop Fryslân, Geert van Tuinen

Yn it bisteparkje

13:45
Gesellich op it terras
Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman
13:15
Sauna mei eigen hannen opknapt

Joan is in man út Westfriesland yn Noard-Hollân. Hy is sûnt koart eigener fan de sauna yn Froubuorren. Mei syn partner hat er ferline jier augustus de sauna oernaam. Se hawwe it oerkocht fan de bank, want de foarige eigener wie fallyt gien.

Se hawwe in jier frijmakke om sels alles te ferbouwen. Der wie in soad achterstallich ûnderhâld. Oeral siet skimmel op en fochtplakken. Se hawwe hast alles útbrutsen, opnij betimmere en by de tiid brocht. Der is wol besocht de húslike, lytsskalige sfear te hâlden. Joan fielt him dêr oe sa thús, want de mentaliteit komt oerien mei dy fan de Westfriezen.

Direksje en personiel fan sauna Baoase - Foto: Omrop Fryslân, Geert van Tuinen

Ferslachjouwer Geert van Tuinen praat mei sauna-eigener Joan Peerdeman

13:03
Wat moatte dy skuon yn 'e beam?
Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman

Binne it fuotbalskuon? Is ien frustrearre oer de ôfrin fan Oranje op it EK?

(Advertinsje)
(Advertinsje)