Liveblog | 13 july 2021

Simmerblog: Simmer yn Tersoal

Omrop Fryslân sil op roadtrip: acht wiken lang komme wy del yn ferskate doarpen en stêden. Hjoed binne we yn Tersoal.
Lêst bywurke: 16 july 2021, 09:42
18:14

Oant moarn!

Dit is de ein fan dit simmerblog oer Tersoal. Tank foar it folgjen.
Moarn binne we yn Froubuorren, oant dan!
18:14

Besjoch hjir de telefyzje-útstjoering

17:31

'Keek op de Week' yn Doapshûs De Tuolle

Marianne Osinga en Hieke van Olst binne de warbere bestjoersleden fan Doarpshûs De Tuolle. En dêr yn dat doarpshûs is it in gesellich barren. Seis kear per jier hawwe sy hjir 'Keek op de Week'. "Mei gesellige minsken, lekker oan in drankje. We ha oait sein: it is fan 5 oant 8. Dat hawwe wy noch noait rêden."
© Omrop Fryslân, Geert van Tuinen
Marianne Osinga en Hieke van Olst
16:32

Fan Almere nei Tersoal: Lenny Kuipers hat in keunstatelier yn it doarp

Lenny Kuipers is tige keunstsinnich en bringt fleur yn it doarp mei skilderijen en keramyk.
Har man wie in echte Amsterdammer, mar de famylje fan Lenny kaam út Fryslân en dêr woe Kuipers ek wol wenje. 'Ik had nog nooit van Tersoal gehoord, maar ik ging googelen op Funda."
"We zagen dit huisje, midden in het land", seit Kuipers. "We vonden het allebei geweldig. We zijn meteen gaan kijken en hadden het er de dag erop gekocht."
It atelier fan Kuipers yn Tersoal © Omrop Fryslân
Lenny Kuipers
15:44

De âldste aaisikersklup

Lolke Wytsma is der wis fan: de' Ald Hij' is de âldste aaisikersklup fan Fryslân. Ja, der binne der noch in pear, mar "dy hawwe it fan ús leard", seit Wytsma.
It stânbyld fan Hans Jouta © Omrop Fryslân
Willem de Vries stiet mei Wytsma ûnder in grut stânbyld fan twa ljippen, makke troch Hans Jouta. Wytsma jout ta dat der hjoed-de-dei net in soad oer is fan it aaisykjen. Eartiids woene de mannen fan 'De Ald Hij' safolle mooglik aaien fine. "Dat is jierren lyn", seit Wytsma. "It wie in hechte klup." Se diene ek de neisoarch: as je se ophelje moatte je ek wat oerlitte foar de fûgels.
By de aaisikersklup fan Tersoal
"It is allegearre minder wurde, troch natuerbehear, agrarysk behear. Der binne net safolle ljippen mear", seit Wytsma. Mar fan ien ding is er wis: se binne de âldste aaisikersklup fan Fryslân.
15:00

Wytse Hospes ûnderhâldt ek it begraafplak

© Omrop Fryslân
Wytse Hospes docht ek it ûnderhâld fan it begraafplak. Oer de stiennen wit hy in soad te fertellen: oft de minsken ryk wiene, of hiel earm. De moaie stiennen fan foar 1900 wiene yn elk gefal fan de rike minsken: dat koe de gewoane arbeider noait betelje.
Wytse Hospes op it begraafplak fan Tersoal
Hospes lit ris sjen wêr de moaie grêven lizze op it begraafplak. Oant 1920 wiene sy tige moai bewurke. "Moaie tierelantijnen", seit Hospes. Dat dêrnei de krisisjierren kamen, begjin njoggentjinde iuw, is ek goed te sjen, want de stiennen waarden soberder. "En se binne frij tin, en dêrtroch ek wat mear kwetsber."
Nei de wrâldoarloch waarden de stiennen wer dikker: it gie blykber wer better mei Tersoal, seit Hopses.