Simmerblog: Simmer yn Warten

12 jul 2021 - 17:56

Omrop Fryslân sil op roadtrip troch de provinsje: acht wiken lang komme wy del yn ferskate doarpen en stêden. Moandei is Omrop Fryslân yn Warten! Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen.

18:00
Oant moarn yn Tersoal

Dit is de ein fan dit simmerblog oer Warten. Tank foar it folgjen.

Moarn binne we yn Tersoal, oant dan!

17:30
Telefyzje-útstjoering oer Warten
17:20
Sturtswylje

Wy hawwe de hiele dei yn Warten west en dan binne der noch ferhalen dy't net ferteld binne, mar dy't wol neamd wurde moatte. Sa binne de beide tsjerken en de skoalle hiel wichtich foar it mienskipsgefoel. Der binne ek noch jonge minsken yn de pleatslike hoareka stapt. Sa hat By Boellies in nije eigener krige. Rutger doarde tegearre mei syn freondinne Melissa de stap oan. Se moasten wol kreative oplossingen betinke yn coronatiid.

Michel Hania sit mei trije oare yn Warten Aktyf. Se organisearje allerhanne aktiviteiten, lykas in pubkwis, 'Lekker ite mei de Wartenstens' en aktiviteiten foar âldere minsken.

Melle en Ciska soene mei harren orkest Butterfly dizze Simmer yn Fryslân yn Warten ôfslute mei in live-optreden. Dat giet net troch, want se kinne net by it oargel komme. Fanwege de coronakrisis sitte se al moannen sûnder ynkomsten. Der is in aksje op tou set om harren te helpen. Fan de 5000 euro oant no ta kinne se de fêste lêsten betelje, lykas de fersekering fan de auto.

Geert van Tuinen oer de ferhalen dy't noch oerbleaun binne

16:20
Poëzij en wize wurden

Ald-kollumnist fan Omrop Fryslân en skriuwster Hilda Talsma wennet ek yn Warten. Se is dwaande mei in boek dat him yn de lockdown ôfspilet. Mar se kin net fierder, want se wit net hoe't de lockdown ôfrint.

Marjet Veldhuis hat ek in boek skreaun. 'Heilige zorghuisjes' giet oer wêr't it jild allegearre hinne giet yn plak fan nei de pasjint. Der is in hiel sirkus om de pasjint hinne opboud en dat moat ophâlde, fynt sy.

As lêste draacht Anneke Heegstra in gedicht foar oer ûngetiidzjen. Mei live-begelieding fan it lûd fan seineharjen.

Hilda Talsma, Marjet Veldhuis en Anneke Heegstra

Marjet Veldhuis - Foto: Omrop Fryslân
15:40
Jelle de Liger moetet prinses Beatrix

Jelle de Liger wie in bysûnder man. Hy hie in komelkerij en wie mûnder. Koartsein: in frij man mei aparte ferhalen. En it ferhaal is de wierheid fan de ferteller, seit Anneke Leegstra. Sa is der fan Jelle in bysûnder ferhaal bekend oer prinses Beatrix. Harkje foaral nei dit ferhaal, op spannende wize ferteld troch Anneke. Jo witte net wat jo hearre oan de ein...

Anneke Heegstra oer Jelle de Liger

Foto: Omrop Fryslân
15:10
Wêr kin ik wenje?

Wartenster jeugd wol it leafst yn it doarp wenje, mar dan hawwe se in probleem, want de wachtlist foar in hierhûs is fiif jier. In groep jonge minsken hat der mei in hantekeningaksje by de gemeente op oanstien dat der in oplossing komme moat foar dit probleem. Warten hat gjin prioriteit, sa wie de reaksje fan de gemeente Ljouwert. Doarpsbelang hat in bouplan makke foar 22 nijbouwenten.

Geert van Tuinen praat mei twa jongeren, mei ien fan doarpsbelang, en mei leden fan politike partijen oer dizze serieuze kwestje.

Wenningneed

14:09
WSV De Kruiswaters

Dizze jonge sylkampioenen fan wettersportferiening De Kruiswaters hiene it der mar drok mei. De feriening bestiet sûnt 1864 en organisearret tal fan aktiviteiten, lykas in jierlikse sylwedstriid, mar ek it Skipkesilen mei lytse modelskipkes.

Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman
14:00
Skoft oan de Hoofdstraat

Efkes wat ite en drinke: sa hâldt it Simmer yn Fryslân-team it moandei fol.

13:29
Homemade Madness: cross-sensaasje Jornt Reitsma

Jornt Reitsma is in YouTube-fenomeen mei syn Homemade Madness-side. Hy makket sels in soarte raceweinen, rydt der yn en set filmkes op it ynternet. "Ik mei der graach mei crosse. As in boer de greide op 'e kop hat, kin ik efkes ride. Dizze hat in 1.000 cc motor, 150 pk. Topsnelheid is 180 ûngefear. Dat doch it fansels net yn it lân. Mar it is in sensaasje."

De 23-jierrige Jornt is der yn 2018 mei begûn en yntusken hat er mear as 46.000 folgers."Ik woe altyd ris sa'n buggy bouwe. Ik begûn mei in prototype, mar hat it dêrnei hielendal útwurke op de kompjûter yn in 3D-programma. En sa'n 200 oeren oan bouwen letter hie ik de buggy. De ôfleveringen wurde echt in soad besjoen, wol mear as in miljoen kear. Ik krij berjochten út Yndia, Brazilië, Peru, eltsenien fynt it moai."

YouTube-fenomeen Jornt Reitsma

Jornt ferkeapet de tekeningen, sa't eltsenien it neibouwe kin. "Ik haw al mear as 200 ferkocht, it rint wol reedlik. It kin no út. It is noch in hobby, mar wa wit. As ik op de 100.000 folgers kom, dan soe ik der wol serieuzer wat mei fertsjinje kinne."

12:52
Doarp yn it Grien: Warten drok mei bioferskaat

Dat Warten der sa fleurich by stiet, komt ûnder oare troch de grienkommisje Doarp yn it Grien. It doel: mear bioferskaat yn Warten krije, sa lizze Tini Schippers en Froukje Castelein út. "Yn 2019 sieten Froukje en ik yn it doarpsbelang. Wy woene it hjir wol wat mear bloeiend hawwe. Doe hawwe wy de kommisje opset. Wy hawwe minsken socht dy't it ek in leuk plan fûnen en doe binne wy oan 'e gong gien. Wy hawwe grienstroken socht dêr't wol wat yn koe", seit Schippers.

De earste put wie 'Operatie Steenbreek', fertelt Castelein. "Tegels der út, planten der yn. Dat wie ús earste aktiviteit. Minsken koene in tegel ynruilje foar in plant. Dêr kamen flink wat minsken op ôf. En foar de jongelju hawwe wy in bijehotel makke, sa't sy in nêstplak hawwe."

Tini Schippers en Froukje Castelein fan grienkommisje Doarp yn it Grien

Sa stadichoan wreidet it grien yn Warten him hieltyd mear út. "Yn oerlis mei de gemeente krije wy mear stikjes dy't wy ynsiedzje kinne. Aanst is der wer in útdielaksje om sied út te dielen en kommende hjerst is der in blombolle-aksje", seit Schippers.

Trefwurden: 
Warten Simmer yn Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)