Liveblog | 20 maart

Lês werom: SC Cambuur kin promoasje dit wykein ferjitte nei gaoatyske slotfaze tsjin Jong AZ (3-4)

SC Cambuur hat mei 3-4 yn eigen stadion ferlern fan Jong AZ nei in slotfaze dy't net gau fergetten wurde sil.

Lês hjir it blog oer de wedstriid werom.

Lêst bywurke: 20 maart, 22:20
22:20

Fenomenale doelpunten, stakingen en kaarterein

SC Cambuur en Jong AZ hawwe in wedstriid spile dy't net gau fergetten wurde sil. Dat hat benammen te krijen mei de slotfaze.
Al nei tsien minuten foel de iepeningstreffer foar de gasten. Jasper Hartog skeat de bal binnen by keeper Thijs Jansen.
Iwan Henstra wist let yn de earste helte in antwurd: hy makke de lykmakker foar de Ljouwerters. Mei 1-1 einige de earste helte.
Nei in flater fan keeper Jansen makke Jesper Zwart de 1-2 foar Jong AZ. Jansen kaam syn doel út om de bal te pakken, mar Zwart wist noch om him hinne te spyljen.

Manjefike goals fan Ferrah

Healwei de twadde helte begûn de grutte Ichem Ferrah-show. Hy makke yn de 78e minút de 2-2 troch op manjefike wize troch de ferdigening fan Jong AZ hinne te spyljen.
Twa minuten letter makke er wer in doelpunt. Hy skeat de bal heech yn de linker krusing en sette de einstân op 3-2.
Fan de 85e minút ôf begûn de gaos. Remco Balk makke hands troch de bal mei de earms foar it doel wei te tikjen as wie er de keeper. It resultearre yn in penalty foar Jong AZ.
Yoël van den Ban skeat de bal dêrnei binnen, mar der ûntstie opskuor om't er de bal twa kear oantikke hawwe soe.

Twa stakingen yn slotfaze

Efkes letter gie it mis: der waarden foarwerpen op it fjild smiten en de wedstriid waard in skoftke staakt. De 3-3 bleau úteinlik stean, de skiedsrjochter hie neat sjoen.
Doe't de spilers letter wer it fjild op kamen, wist Jong AZ dochs noch it doel te finen. Bendegúz Kovács makke de 3-4.
Even letter waarden der wer foarwerpen op it fjild smiten. De wedstriid waard foar de twadde kear staakt en de spilers waarden wer nei de klaaikeamers stjoerd.
Uteinlik waarden in skoftke letter de lêste twa minuten útspile, mar Cambuur koe dêryn neat mear betsjutte.
De Ljouwerters koene úteinlik net promovearje dit wykein troch de nederlaach tsjin Jong AZ, mar krijt dêr tiisdei noch in kâns foar tsjin FC Emmen.
22:14

90+5' It is dien!

Gjin promoasje foar SC Cambuur dit wykein! De ploeg fan Henk de Jong ferliest mei 3-4 yn eigen hûs fan Jong AZ.
22:11

90+3' Noch efkes útspylje

De spilers stean wer op it fjild, der binne noch twa minuten oer.
22:07

Tribunes rinne al leech

De tribunes rinne leech
© Omrop Fryslân, Harm Weistra
It is noch net dúdlik wat der no barre sil. Yntusken rint in grut part fan it publyk al fuort.
Skiedsrjochter Wiersma koe de feiligens fan de spilers net mear garandearje, dêrom binne se allegearre nei de klaaikeamers stjoerd.
22:03

Wer in staking

De wedstriid wurdt foar de twadde kear staakt, omdat der wer wat op it fjild smiten is.
22:02

90+2' GOAL JONG AZ ⚽

Cambuur kin promoasje dit wykein wol ferjitte! Kovács makket yn 'e blessueretiid de fjirde treffer foar Jong AZ.
It stiet 3-4.