Liveblog
|
18 febrewaris
Schulting net yn aksje yn ôflossingsfinale | Steaten stypje olympysk reedriden yn Thialf
Folgje yn dit livebloch it lêste nijs oer de Olympyske Spelen yn Milaan
- Op it shorttrackiis is de 500 meter foar mannen en de finale fan de ôflossing fan de froulju;
- Der wurdt net riden op de langebaan;
- Sjoch foar mear olympysk nijs op ús temapagina
Lêst bywurke: 18 febrewaris, 20:07
20:07
Schulting net yn aksje yn ôflossingsfinale
Shorttrackster Suzanne Schulting komt jûn net yn aksje yn de ôflossingsploech op de Olympyske Spelen. De froulju ride de finale yn deselde opstelling as de heale finale: Xandra Velzeboer, Michelle Velzeboer, Selma Poutsma en Zoë Deltrap.
Schulting, de olympysk kampioen op de 1.000 meter fan 2018 en 2022, wûn mei de Nederlânske ploech de ôflossing yn 2022. De lêste twa jier ried se gjin grutte race mear op dit ûnderdiel.
Freed stiet noch wol de yndividuele 1.500 meter op it shorttrackprogramma foar Schulting.
19:51
Frysk parlemint entûsjast oer olympysk reedriden yn Thialf
Provinsjale Steaten fan Fryslân stypje it plan om yn 2030 it olympysk reedrydtoernoai nei iisstadion Thialf op It Hearrenfean te heljen. "Wat ze in Milaan doen, kunnen wij beter", fynt PvdA-Steatelid en âld-hurdfytser Daan Olivier.
In grutte mearderheid fan it Fryske parlemint is ek ree om finansjeel by te dragen oan de fiif olympyske ringen op it dak fan Thialf.
15:33
Keninklike huldiging foar medaljewinners
Femke Kok, Jorrit Bergsma, Antoinette Rijpma-de Jong en Marijke Groenewoud kinne har opmeitsje foar in besite oan Paleis Noordeinde. De olympyske medaljewinners krije in útnûging om tiisdei del te kommen by kening Willem-Alexander en keninginne Máxima yn Den Haag.
Tiisdei stiet foar de medaljewinners yn it ramt fan huldigingen, want earst wurde se yn de Glazen Zaal (ek yn Den Haag) tasprutsen troch de minister-presidint, de minister fan Sport en chef de mission Carl Verheijen.
De Fryske ôffeardiging op Noordeinde soe noch grutter wurde kinne: Itzhak de Laat en Suzanne Schulting meitsje beiden noch kâns op in medalje dizze wike.
13:32
Wat binne Kok har kânsen op de 1.500 meter?
Femke Kok sjocht harsels net as topfavoryt op de olympyske 1.500 meter fan freed, mar as outsider.
"Dit wurdt myn earste ynternasjonale 1.500 meter. Dat klinkt eins bêst wol lullich, betink ik my no", seit se laitsjend nei har training fan fan 'e moarn op it olympyske iis.
Mar út de 1.000 meter fan ferline wike, en benammen har slotronde, hellet se in soad fertrouwen.
13:22
10:14
Wat stiet der noch op it spul?
De medaljeteller foar Fryslân stiet op fjouwer nei it sulver fan de froulju yn de ploege-efterfolging, earder it brûns fan Jorrit Bergsma op de 10 kilometer en it goud én sulver fan Femke Kok.
De kommende dagen hawwe de Fryske sporters ek noch in soad kâns om earemetaal te heljen. Yn dit oersjoch in gearfetting foar de kommende dagen: