Liveblog
|
17 febrewaris
Remmelt Eldering en Kanada dogge Fryske froulju sear: sulver foar Rijpma-de Jong en Groenewoud
- Sulver foar Antoinette Rijpma-de Jong en Marijke Groenewoud op ploege-efterfolging
- Jorrit Bergsma grypt op neist it brûns mei de Nederlânske manlju
- Sjoch op ús temapagina foar alles oer de Olympyske Spelen
Lêst bywurke: 17 febrewaris, 18:15
18:15
Grutskens oerhearsket by Friezinnen
Se liken yn earste ynstânsje bot teloarsteld te wêzen oer it twadde plak, mar Antoinette Rijpma-de Jong en Marijke Groenewoud seagen dat der net mear yn siet as dat.
En dus prolongearret Kanada de olympyske titel. "We ha alles jûn en sulver is dan no it heechst helbere", fertelt Groenewoud nei ôfrin.
Rijpma-de Jong: "Ik tink dat we super bliid wêze meie mei it sulver."
Lês hjir de reaksjes fan Rijpma-de Jong, Groenewoud én Jorrit Bergsma dy't fjirde waard:
17:24
Hoe komst oan seldsume pins op de Olympyske Spelen? Us manlju yn Milaan sykje it út
Us manlju yn Milaan komme der op de Olympyske Spelen efter dat der noch in bysûndere tradysje bestiet ûnder supporters: it sammeljen fan pins. Mar hoe sit dat krekt?
17:01
Sa sjocht bliidskip derút by Remmelt Eldering
16:55
Twadde sulver foar Rijpma-de Jong, earste foar Groenewoud
It is foar Antoinette Rijpma-de Jong har twadde sulveren olympyske medalje. Yn 2018 waard se ek twadde op de ploege-efterfolging mei Nederlân.
Marijke Groenewoud helle noch noait in sulveren medalje op de Olympyske Spelen. Se wûn fjouwer jier lyn brûns op de ploege-efterfolging.
Beide froulju komme freed wer yn aksje: dan ride se de 1.500 meter. Groenewoud hat dêrnei noch in izer yn it fjoer, se rydt sneon ek noch de massastart.
16:51
Teloarstelling by Nederlân
Joy Beune, Antoinette Rijpma-de Jong en Marijke Groenewoud hawwe gjin sulver wûn, mar goud ferlern as je nei harren gesichten sjogge. De teloarstelling dript der fanôf.
Nederlân begûn noch wol goed oan de finale tsjin Kanada, mar krekt wat oer de helte nimme de froulju fan Remmelt Eldering de lieding oer.
Dy foarsprong jouwe se net mear út hannen; sterker noch, dy wreidzje se allinnich mar út.
Nederlân finisht yn 2.56,77 en Kanada yn 2.55,81. It is de twadde sulveren medalje út de skiednis foar de Nederlânske froulju op dit ûnderdiel.
16:47
Nederlân grypt neist olympyske titel
SULVER... De Nederlânske froulju gripe neist de olympyske titel op de ploege-efterfolging. Joy Beune, Antoinette Rijpma-de Jong en Marijke Groenewoud wûnen de ôfrûne oardel jier alles, mar ferlieze yn de olympyske finale fan Kanada.