Liveblog | 15 juny 2025

Twa deaden en trije ferwûnen by ûngelok tusken De Lemmer en Rutten, plysje siket tsjûgen

Hjir fynst in oersjoch fan ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje. Wolst appmeldingen fan updates krije? Klik dan op it beltsje hjirboppe.

Lêst bywurke: 15 juny 2025, 11:30
11:30

Plysje siket tsjûgen fan deadlik ûngelok

De plysje siket tsjûgen fan it deadlik ûngelok fannacht op de Noordermeerweg by Rutten, krekt oer de provinsjegrins by De Lemmer. By it ûngelok kamen twa jongeren (18 en 19) út Urk om it libben. Trije oare ynsitters rekken ferwûne.
Neffens de plysje binne de trije slachtoffers dy't it ûngelok oerlibbe ha, swierferwûne oerbrocht nei ferskate sikehuzen yn 'e omjouwing. De Noordermeerweg hat oeren ôfsletten west foar it ferkear.
De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok en is op syk nei tsjûgen dy't de auto fan de slachtoffers, in wite VW Golf, fannacht riden sjoen ha. Dashcambylden of oare bylden fan de auto meie ek dield wurde, meldt de plysje.
09:18

Wurk oan N354 giet twadde faze yn

De twadde faze fan it wurk oan de N354 tusken Spannenburch en Eastersee set moarn útein. Dat hat gefolgen foar it dykferkear.
Mei it wurk is de dyk op ferskate mominten folslein ôfsletten foar auto's, frachtferkear, bussen en lânbouweinen. Yn guon fazen ek foar fytsers en fuotgongers.
It wurk is opdield yn trije fazen. De earste faze is freed ôfrûne, de twadde faze duorret fan moandei 16 juny 07.00 oere oant freed 11 july 17.00 oere. Yn dizze faze wurde de rydbaan en it fytspaad oanpakt.
Mear oer it wurk oan de N354 is te lêzen yn ûndersteand artikel:
08:05

Twa deaden en trije ferwûnen by ûngelok tusken De Lemmer en Rutten

By it ûngelok op de Noordermeerweg, krekt oer de grins mei Flevolân, binne twa slachtoffers ferstoarn en trije ferwûne rekke, meldt de plysje. Se binne 18 of 19 jier en komme allegearre út Urk. De dyk, net fier fan De Lemmer, is noch altyd ticht foar ûndersyk.
07:15

Goeiemoarn

Wolkom yn it 112-livebloch fan hjoed. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Wolst appmeldingen fan updates krije? Klik dan op it beltsje boppe-oan yn de app.
It 112-nijs fan juster kinst hjirûnder weromlêze: