Liveblog | 14 juny 2025

Bern belutsen by slim ûngelok by evenemint yn Damwâld, twa persoanen ferwûne

Hjir fynst in oersjoch fan ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje. Wolst appmeldingen fan updates krije? Klik dan op it beltsje hjirboppe.

Lêst bywurke: 14 juny 2025, 15:16
15:16

Twa persoanen ferwûne by ynsidint yn Damwâld

By it ynsidint mei in quad oan de Singel yn Damwâld binne neffens in wurdfierder fan de plysje twa persoanen ferwûne rekke. Sy binne beide oerbrocht nei it sikehûs.
14:45

Bern belutsen by slim ûngelok yn Damwâld

De helptsjinsten op it plak fan it ûngelok
© NoorderNieuws
Oan de Singel by Damwâld hat niiskrekt in slim ynsidint west. Dêrby soe in bern ferwûne rekke wêze.
Op it plak fan it ûngelok is hjoed in famylje-evenemint. Neffens omstanners rekke it bern ferwûne by in ûngelok mei in quad.
Der binne meardere ambulânses en in traumahelikopter op it plak.
12:17

Plysje nimt drugs yn beslach by kontrôle op It Amelân

Drugskontrôle op It Amelân
© Plysje It Amelân
By in grutte kontrôle op It Amelân hat de plysje meardere soarten drugs yn beslach naam.
By de aksje binne drugshûnen ynset om besikers te kontrolearjen op ferbeane middels.
De plysje sprekt op Instagram fan in suksesfolle aksje.
Op it eilân is dit wykein ekstra drokte fanwegen in beachrugbytoernoai.
09:48

Problemen mei webside en app Omrop Fryslân

De foutmleding dy'tst krije kinst
© Omrop Fryslân
Der binne op dit stuit technyske problemen mei de webside en app fan Omrop Fryslân.
Kinst in foutmelding krije ast in artikel oanklikst.
Der wurdt wurke oan in oplossing, mar it is net dúdlik hoe lang oft dat noch duorret.
08:07

Goeiemoarn!

Wolkom yn it 112-livebloch fan hjoed. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Wolst appmeldingen fan updates krije? Klik dan op it beltsje boppe-oan yn de app.
It 112-nijs fan juster kinst hjirûnder weromlêze: