Liveblog
|
9 desimber 2024
Brânwacht rydt twa kear út foar brânend hea | Fytser swierferwûne nei oanriding yn Ljouwert
Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Lêst bywurke: 9 desimber 2024, 19:25
19:25
Fytser swierferwûne nei oanriding yn Ljouwert
In fytser is swierferwûne rekke nei in oanriding mei in auto oan de Lijsterbesstraat yn Ljouwert.
De persoan is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje docht ûndersyk nei hoe't it ûngelok barre koe.
17:38
Brân yn bedriuwsgebou yn Drachten
Yn in bedriuwsgebou oan Het Helmhout yn Drachten is oan de ein fan de middei brân útbrutsen. De brânwacht fan Drachten en Beetstersweach binne te plak kaam.
It is op dit stuit noch net dúdlik wat der krekt yn de brân stiet.
15:33
Fytster ferwûne nei oanriding yn Drachten
By in oanriding op de Noorderdwarsvaart yn Drachten is in fytster ferwûne rekke. Sy kaam yn botsing mei in auto.
It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. It is net dúdlik hoe't it ûngelok barre koe.
09:13
Man mei mes bedrige yn Ljouwert
In man is sneintejûn mei in mes bedrige op parkearterrein De Hooidollen in Ljouwert.
In famke frege it slachtoffer oft hy even mei har meirinne woe nei de Ljouwerter bosk omdat har fyts dêr stie. De man fûn it in nuvere fraach, mar gie dochs mei.
Doe't de man weromrinne woe, stienen der twa persoanen mei gesichtsbedekking foar him oer. Ien fan harren luts in grut mes.
It slachtoffer draafde gau fuort. Doe't hy even letter foel en omseach, wienen de bedrigers en it famke net mear te sjen.
De plysje siket tsjûgen fan it ynsidint.
08:45
Seis minsken nei it sikehûs nei ûngelok op A7
Seis minsken binne justerjûn oerbrocht nei it sikehûs nei it ûngelok op de A7 tusken Boalsert en Snits, dat meldt de plysje.
Neffens in wurdfierder giet it om alle ynsitters fan de persoane-auto dy't yn botsing kaam mei in frachtwein. Dêr sieten fjouwer minderjierrigen by. "Ze zijn allemaal meegenomen omdat het letsel niet direct duidelijk was."
It ûngelok wie op de hichte fan Tsjalhuzum. De bestjoerder fan de frachtwein is net ferwûne rekke. Der is mei him praat op it plysjeburo.