Liveblog | 19 april 2024

112-nijs 19 april: Plysje oer helpdeskfraude: "Der sit in grut tonielstik omhinne"

Hjir hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 19 april 2024, 16:52
16:52

Plysje oer helpdeskfraude: "Der sit in grut tonielstik omhinne, se lûke der oeren foar út"

"It is echt hiel raffinearre wat dy lju dogge. Se lûke der oeren foar út", seit plysjeman Femme Haakma by RTV NOF oer helpdeskfraude. Hy is digitaal wykplysje en wurket in protte online. Yn syn gemeente sjocht er normaalwei inkelde gefallen fan helpdeskfraude yn de moanne, mar yn febrewaris wiene it der fjirttjin.
"Mei it oanhâlden fan in trijetal fertochten is it op dit stuit stil, mar wy bliuwe wach", seit er. Haakma riedt minsken oan dat ek te wêzen. "Der sit in grut tonielstik omhinne, minsken fersjogge harren dêr op. Dy lju witte echt hiel goed wêr't se mei dwaande binne en nimme der samar meardere oeren de tiid foar."
16:02

Plysje: Eksploazje Easterein troch krimineel konflikt, slachtoffer ûnskuldich

Skea oan it hûs
© CAMJO media
It motyf foar de eksploazje yn Easterein leit yn in konflikt yn it kriminele sirkwy, dêr't de belutsenen ûnterjochte slachtoffer fan wurden binne. Dat meldt de plysje.
Neffens de plysje binne der dúdlike oanwizingen dat de eksploazje yn Easterein ferbân hâldt mei twa oare eksploazjes yn Schoonoord (Drinte).
12:01

Wenark sakket fuort

In wenark foar in part ûnder wetter
© BTB Fotografie
Oan de Paviljoenwei yn Offenwier is fan 'e moarn in wenark foar in part sonken. De brânwacht is teplak en set de ark mei touwen fêst oan de wâl, se besykje ek om it wetter derút te heljen.
Wat de oarsaak is fan it lek, is net bekend.
11:51

Gjin strafrjochtlik ûndersyk nei mooglike drugshannel yn Harns

In ûnderwetterscooter
© Omrop Fryslân
Alles wiist op drugshannel, mar de plysje kin it net bewize. En dus komt der gjin strafrjochtlik ûndersyk nei de fertochte situaasje mei in ûnderwetterscooter yn de haven fan Harns, ôfrûne 15 jannewaris.
07:07

N359 tusken Boalsert en Winsum gewoan iepen

De N359 is dit wykein gewoan iepen. De dyk soe ticht foar wurksumheden, mar dat giet no net troch fanwegem it ferwachte minne waar.
Wannear't de wurksumheden wol útfierd wurde sille, is noch net bekend. De provinsje siket noch nei in geskikte datum.
06:56

Goeiemoarn

Wolkom by it 112-livebloch fan hjoed. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
It 112-nijs fan juster fynst hjir werom.