Liveblog | 18 april 2024

112-nijs 18 april: Persoan ferwûne by stekynsidint yn Snits, fertochte oanhâlden

Hjir hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 18 april 2024, 17:59
17:59

Fertochte oanhâlden

De plysje meldt dat der in fertochte oanhâlden is foar it stekynsidint oan it Kaatsland yn Snits.
Der is yndie ien persoan ferwûne oerbrocht nei it sikehûs.
16:59

Traumahelikopter ynskeakele foar stekynsidint

Plysjeminsken op it plak fan it ynsidint
© BTB Fotografie
Der binne meardere ambulânsen en plysjes teplak by it Kaatsland yn Snits, dêr't in stekynsidint west hat. Der is ek in traumahelikopter oanwêzich.
Neffens in korrespondint is ien persoan oerbrocht nei it sikehûs.
De plysje hat de omjouwing ôfset en is dwaande mei ûndersyk. It is noch net bekend oft der al oanhâldings ferrjochte binne.
16:38

Stekynsidint yn Snits

12:45

Goeiemiddei

Wolkom by it 112-livebloch fan hjoed. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
It 112-nijs fan juster fynst hjir werom.