Liveblog | 17 april 2024

112-nijs 17 april: Kettingbotsing op A7 by Fryske Peallen | Tankwein fan 'e dyk by De Rottefalle

Hjir hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 17 april 2024, 19:47
19:47

Kettingbotsing op A7 by Fryske Peallen

By de kettingbotsing wiene fiif auto's belutsen
© ProNews
Der hat in kettingbotsing west fan 'e middei op de A7 tusken Drachten en Fryske Peallen. Dêrby wienen fiif auto's belutsen. It is net dúdlik oft der minsken ferwûne rekke binne.
Fanwege de botsing hie Rykswettersteat in rydstripe rjochting Marum ôfsletten. In berger hat de skansearre auto's fuorthelle.
18:19

Tankwein rekket beammen neist dyk

De frachtwein rekke in oantal beammen oan de kant fan de dyk
© ProNews
Op de Langewyk (N369) tusken De Rottefalle en Boelensloane is in tankwein fan de dyk rekke en tsjin in rige beammen oan botst. De sjauffeur rekke net ferwûne.
Foardat it bergingswurk úteinsette koe, moast de tank leechhelle wurde. Wat der yn de tank siet, is net bekend makke.
16:51

Plysje ûndersiket mooglik ferbân tusken eksploazje Easterein en it Drintske Schoonoord

Skea oan de wenning yn Easterein nei eksploazje
© Omrop Fryslân
De plysje ûndersiket oft der in ferbân is tusken de eksploasje yn in wenning yn Easterein en in eksploazje yn it Drintske Schoonoord.
De plysje yn Drinte hat tiisdei in man oanholden dy't yn ferbân brocht wurdt mei de eksploazjes yn Schoonoord. Heal maart is dêr in wenning swier skansearre rekke troch twa eksploazjes. Koart dêrnei binne trije fertochten oanholden, ûnder oaren guon út Rotterdam. De Drintske plysje hat tiisdei noch in Rotterdammer oanhâlden, dy't mooglik in oanstjoerende rol hân hat.
Easterein waard foarige wike ek opskrikt troch in eksploazje by in wenning. De plysje hat koart dêrnei in 17-jierrige jongen út Rotterdam oanholden. Undersyk moat útwize oft der in ferbân is tusken dizze ynsidinten en oare eksploazjes yn it lân.
De minderjierrige fertochten sitte allegearre noch fêst.
16:45

Auto bedarret by Easterwâlde yn in greppel

De auto kaam yn 'e greppel ta stilstân
© BTBfotografie
In auto is fan 'e dyk rekke en yn in greppel lâns de N381 ta stilstân kaam. It gie mis op de ôfrit nei Easterwâlde. Troch noch ûnbekende oarsaak rekke de automobilist de macht oer it stjoer kwyt.
Omstanners alarmearren de helptsjinsten. De bestjoerder koe sels út de auto komme. Hy is behannele troch ambulânsepersoniel en hoegde net nei it sikehûs oerbrocht te wurden. In berger hat de auto fuorthelle.
16:00

Omwenners meitsje beswier tsjin komst fan lelytylt by Noardwâlde

Omwenners fan in stik grûn by Noardwâlde dêr't plannen binne foar lelytylt, hawwe beswier oantekene tsjin by it bedriuw dat dat foarnimmens is.
Se fine dat de risiko's fan de tylt te grut binne foar de folkssûnens fan de bewenners deromhinne, fanwegen it brûken fan bestridingsmiddels. Neffens harren lizze de perselen dêr't de tylt plakfine moat te ticht by in skoalle, in iepenloftswimbad en ferskate sportferienings. Ticht by it sosjale hert fan Noardwâlde-Súd, sa sizze se.
De omwenners ferwize nei Diever, dêr't de tylt net trochgiet fanwegen beswieren. As it bedriuw trochset mei de plannen oerwaagje de omwenners juridyske stappen.
14:49

Binnenfeartskip hat hast tûzen wytplanten oan board, skipper frijsprutsen

Wytplanten (argyf)
© Plysje Noardeast Fryslân
Op in binnenfeartskip fan in 49-jierrige Lemster hat de plysje yn april 2021 in himpkwekerij fûn mei 975 planten. De skipper moast tiisdei foarkomme, op fertinking dat er mandélich wie oan de plantaazje.
De skipper bleaun derby dat er neat wist fan de planten op syn skip. Hy ferhierde opslachromte en ien wie nei him ta kommen om meubels op te slaan. In oare skipper warskôge de plysje.
De Lemster sei dat er nayf west hie, mar net wist fan de wytplantaazje. Hy seit dat er bot lêst fan hân hat fan de situaasje en dat noch hieltyd hat. De offisier fan justysje easke in wurkstraf fan 40 oeren. De rjochter gie úteinlik mei yn it ferhaal fan de man en syn advokaat dat er nayf west hie. De man is frijsprutsen.
De hierder is ek heard troch de plysje, dy beropt him op syn rjocht om te swijen.