Liveblog
|
2 augustus 2023
Wetter, drek, en oermacht yn de finale: dit wie de 170ste PC
- De finale fan de 170ste PC is wûn troch it partoer fan Tjisse Steenstra, en Steenstra waard sels kening;
- Yn de finale wûnen Steenstra-en-dy mei twa fingers yn de noas fan it partoer fan Haye Jan Nicolay;
- Om 21:00 oere is de finale fan de PC mei alle reaksjes op telefyzje te sjen.
Lêst bywurke: 2 augustus 2023, 18:53
18:53
Kening Tjisse Steenstra: "It rûn as in trein"
Tjisse Steenstra waard foar de twadde kear op rige útroppen ta kening. It wie ek de twadde kear op rige dat hy de PC wûn. "De earste is spesjaal, mar dizze is ek wol hiel moai."
Tjisse Steenstra: "We wienen fuort yn foarm"
"We wienen de hiele dei yn topfoarm en we rûnen der sa oerhinne. It rûn as in trein", seit Steenstra.
"Ofrûne wike hie ik lêst fan de nekke, mar dat wie no klear en dan kinne je gean." It is de lêste kear dat dit partoer op de PC stie. Hans Wassenaar en Renze Hiemstra hâlde op. Steenstra giet nei in oar partoer. "Sy binne hiel bliid, om sa ôf ts sluten, se binne echte bazen. Ik bin hjir noch wol even. Der binne mear dreamen."
18:47
"Ik ha it idee dat it oan my lei"
Hessel Postma baalt, nei it ferliezen fan de finale.
"Ik ha it idee dat it oan my lei"
"We koene net genôch tsjinstân biede yn de finale. En ik ha it idee dat dat oan my lei. Myn fuotten fielden sa swier dat ik net mear oansette koe.
18:46
Patrick Scheepstra: "Ze waren niet te bekaatsen vandaag"
Patrick Scheepstra fan it ferliezende partoer hie al gau troch dat it der yn de finale net yn siet. "Die mannen waren niet te bekaatsen vandaag."
Patrick Scheepstra: "Ze waren niet te bekaatsen vandaag"
"Tjisse (Steenstra, red.) moest van de bal. Dat was de bedoeling ook, maar als die jongen zo opslaat, dan kun je van alles willen, maar dan moet je die ballen ook maar raken."
Dat Scheepstra syn partoer de finale helle, wie al in goede prestaasje. "Vanaf de loting hadden we al gezegd: het wordt lastig, maar we stonden vliegend te kaatsen. Vandaag zijn we niet blij, maar dat zal morgen anders zijn."
18:26
Renze Hiemstra woe "op de Olympus" ôfskied nimme
Renze Hiemstra hie mar ien dream, seit er. Op de Olympus ôfskied nimme. Hiemstra hâldt dit jier op as keatser, mar hy slút net út dat er oait noch op de PC stean sil.
Renze Hiemstra woe "op de Olympus" ôfskied nimme
It is de twadde kear op rige dat Hiemstra mei syn partoer de PC wint. No wie it in hiele maklike finale. Foarich jier wie dat oars, doe wie it in thriller.
"Toen zei ik ook al: zonder wrijving geen glans. Deze glimt ook wel, maar die van vorig jaar blonk veel mooier."
Tjisse Steenstra is de terjochte kening, seit Hiemstra. "Hij heeft de hele dag koninklijk opgeslagen."
18:18
Tjisse Steensra útroppen ta kening
Tjisse Steenstra is útroppen ta kening fan de 170ste PC.
Steenstra is de iennige fan syn partoer dy't trochgiet. Hans Wassenaar en Renze Hiemstra hâlde der mei op.
It is de twadde kear op rigfe dat Steenstra kening wurdt fan de PC. "We wiene hast foutleas hjoed, alle trije. Sa yn foarm. It gie hiel goed, en dan winne je."
En dan ek noch kening. "Dat is hiel moai. Echt geweldich. Ik hie de bal thús al even poetst, want ik tocht: miskien mei ik 'm wol wer meinimme."
It hie ek samar ien fan de oaren wêze kind, seit Steenstra. "Hans hie it ek wurde kind. Hy hat net in soad flaters makke. En Renze ek, mar in foarynse wurdt hast noait kening."
17:54
Sjoch hjir nei de lêste slach en de earste reaksje fan Hans Wassenaar
De finale wie net spannend, fûn ek winner Hans Wassenaar. "Ik fielde it wol oankommen. Dat makket it wol oars as wannear't je in spannende partij winne."
Sjoch hjir nei de reaksje fan Hans Wassenaar
It makket it foar Wassenaar lykwols net minder moai. "Dit is gewoan super." Foar Wassenaar wie it syn lêste PC: "Moaier kin net. We wienen hjoed alletrije goed. We stienen der op de goede mominten. As je him yn it foar úttekenje mochten, dienen je it sa."