Liveblog | 19 july 2021

Simmerblog: Simmer yn Winaam

Omrop Fryslân docht acht wiken lang ferslach fan alle simmerske aktiviteiten en sport yn Fryslân.
Bywurke: 19 july 2021, 20:38
moandei 19 july 2021
18:04

Oant moarn!

Dit is de ein fan dit simmerblog oer Winaam. Tank foar it folgjen.
Moarn binne we yn Akkrum en Nes. Oant dan!
18:03

Dit wie Simmer yn Winaam

17:18

Femke en Berber oer de jongerein fan Winaam

De ynwenners komme hjoed, oan it ein fan de dei, byinoar yn it doarpshús. De studinten Femke Terpstra en Berber Elgersma binne der ek. Se krije it drok de kommende dagen: de heit en mem fan Femke hawwe nammentlik in pleats. Dêr sil Femke dizze simmer op passe.
"Fan 'e moarn giene se fuort, mar foar myn gefoel giet it goed. Ik krij der hieltyd mear fertrouwen yn", seit Femke. Dochs wennet se al in skoftsje net mear yn it doarp: se gie nei Enschede om fysioterapy te studearjen.
Femke en Berber © Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Ek Berber, in freondinne fan Femke, sit no op keamers. Yn Grins docht se de PABO, mar se komt noch altiten nei Winaam, dêr't se keatstraining jout "De keatstraining fyn ik in moaie wize om dochs noch mei de bern yn kontakt te bliuwen, hjir yn it doarp", seit Berber. De twa froulju fine Winaam in moai doarp om yn te wenjen. "Ik fyn it in aktyf doarp", seit Femke. Boppedat is der oeral rêst.
Femke en Berber oer de jongerein fan Winaam
16:41

Hoefsmid Douwe Dokter

Hoefsmid Douwe Dokter wennet yn in âld stasjongebou yn de rjochting fan Frjentsjer. It gebou lei eartiids oan de âlde spoarline dy't fan Harns nei Dokkum rûn, hielendal by de kust del.
Yn it stasjon dêr't Douwe en Naomi wenje, hawwe sy harren eigen smidderij. Douwe Dokter lit ris sjen hoe't it krekt moat, dat ambachtlike izersmeien.
"Ik ha hjir in stik izer. Dêr gean ik in hoefizer fan meitsjen, it moat wol efkes hjit". Sa'n 800 oant 900 graden, om presys te wêzen. "Ik hie it smidsfjoer al efkes oansetten. It leit er no yn. It moat efkes opwaarmje, dat hat efkes syn tiid nedich."
Douwe Dokter en Naomi Weissenbach © Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Syn freondin Naomi is ek hoefsmid. Yn it bestjoer fan Nederlandse Vereniging van Hoefsmeden kamen Douwe en Naomi inoar tsjin. "Op een gegeven moment sloeg de vlam over."
Yn de smidderij fan hoefsmid Douwe
Hoefsmid Douwe Dokter
16:06

De romantyske skiednis fan Thea Holwerda en Hendrik Dijk

Thea Holwerda, 71 en Hendrik Dijk fan 72 hawwe no foar de fjirde kear ferkearing. It begûn yn harren jonge jierren, doe't Thea en Hendrik 13 en 15 wiene. Mar Thea's heit fûn it mar neat. "Henk hie in namme yn it doarp, dêr mochten je eins gjin ferkearing mei hawwe, dat fûn myn heit", seit Thea. Yn it doarp stie hy bekend as ûndogensk.
In pear jier letter krigen Hendrik en Thea dochs opnij ferkearing. Doe't hy studearjen gong oan de Rietveldakademy, waard de ferkearing nochris ferbrutsen, mar yn Amsterdam kamen se foar de tredde kear byinoar.
En dochs rekke it ek dizze kear wer út. "Asto jong bist, bisto hiel ferskillend", seit Thea. "De ien wit net wat er wol, de oar wol, en oarsom. No is it pas wer oan sûnt 2017."
Se binne noch altiten hiel ferskillend, sizze Thea en Hendrik. Mar dochs passe sy hiel goed byinoar. "It is hast spitich dat der sa'n soad tiid tusken siet", seit Thea. "Mar dat moat soms." Boppedat: de flinterts binne altiten bewarre bleaun.
15:26

Nije buorden foar de Winamer kuierkes

It is hjoed feest yn Winaam. Bûten it doarp, deun by it nije fytspaad, steane fan hjoed ôf nije ynformaasjebuorden, dêr't trije kuierrûten op steane. Dizze rûten hawwe elk in eigen tema: it giet om de Hichtepunterûte, de Terpen-en-wierden-rûte en de Katterûte. Bernarda Hinrichs fan Doarspbelang fertelt dat der genôch te belibjen falt. "Je hawwe hjir yn it doarp in hiel soad punten dêr't in ferhaal by sit, dêr't wat te sjen is. Faak binne it punten mei in skiednis, mar ek de terpetoer", seit Hinrichs.
Der kamen in soad minsken op de iepening fan de buorden ôf. Sa ek de jonge 'Winamer Katsjes' . "We hebben luipaardenprint aan, oortjes en wat smink", fertelt ien fan harren.
Oft it in bytsje leuk is foar jongerein yn Winaam? Jawis, fine de Winamer Katsjes. "Je gaat afspreken met je vrienden, als het lekker weer is ga je zwemmen. Of je gaat bij het dorpshuis, of hutten maken." En no mei de nije buorden kinne sy dus ek moai sa no en dan in blokje kuierje. Sa komt de jongerein de simmer wol troch.
De iepening fan de nije ynformaasjebuorden
14:47

Op besite yn de blommetún fan Dirkje de Jong

De âldste strjitte fan Winaam stiet fol mei blommen. Yn de tún fan de 85-jierrige Dirkje de Jong, dat op in terp leit, steane der ek hiel wat: dahlia's, stokroazen en noch folle mear. "Ik ferfeel my net", seit De Jong, dy't op klompen yn har fleurige tún stiet. Se krijt sa no en dan in bytsje help by it ûnderhâld fan har tún. "De jonges komme op snein, dan binne wy wolris mei syn trijen te iten."
De Jong is har libben lang dwaande west foar Winaam. "Yn '82 is it doarpshús hjir kaam, ik bin der altiten oan it skjinmeitsjen west", seit se. Boppedat hat se altiten de tsjerke skjinmakke en brocht sy ek nochris seis bern grut. Mar it koste har allegearre net in soad muoite, fertelt se laitsjend. "Dat gong fansels."
Dirkje de Jong by har blommen © Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Frou De Jong oer har tún
13:41

De blomstrjitte fan Winaam, ien fan de âldste strjitten

13:12

Efkes binnensjen by Schelte Roosma, dy't yn it âlde kafee 'de pineut' wennet

De boppeseal is no de romte dêr't hy films sjocht.
12:31

De Winamer Katten en it rymke yn de nije fytstunnel

Astrid van Galen hat in fyts foar ferslachjouwer Froukje Sijtsma, dy't nei har lekke bân lang om let yn Winaam oankaam is.
No steane sy tegearre op it fytspaad nei Mullum, dat sûnt 2 july iepene is. It keunstwurk yn de tunnel, makke troch Cortenstaal, is útkeazen troch de doarpsbewenners sels.
Op it keunstwurk stiet ek in rymke. Astrid kin it út har holle wei opsizze: "De Winamer katten jeie de Mullumer rotten troch de Harnzer kloksgatten." It rymke giet oer de ferbining mei it doarp Mullum. Yn Winaam neame se de fytstunnel dan ek mei in knypeach It Rattegat.
"Vanuit Winaam naar Mullum rijd je eigenlijk naar het Rattegat, vanaf Mullum naar Winaam naar het Kattegat", seit Van Galen oer de tunnel, dy't no al in soad brûkt wurdt troch toeristen en oare fytsers.
Astrid van Galen oer de nije fytstunnel by Winaam
12:22

De 'fibula' fan Winaam

De Fibula fan Winaam © Omrop Fryslân, Miranda Werkman
11:46

Modelfleantúchbouwer Jacob

Jacob van de Weerthof stiet mei fjouwer fan syn modelfleantugen op in fjild yn Winaam. It meie dan gjin echte fleantugen wêze, foar modelfleantugen binne it joekels.
De ôfstânsbetsjinning hat er yn de hân, mei de stjoerkneppel lit er de fleantugen troch de loft dûnsje. Dat giet ek wolris mis. "Mijn broer vliegt ook, we zijn al een paar keer tegen elkaar aangevlogen in de lucht", seit Jacob. "Dat gebeurt ook. Het is wel een hobby voor doorzetters."
In brevet foar it modelfleanen is ferplichte. Jo meie boppedat allinnich fleane by in modelfleanfjild, lykas by The Eagles yn Hieslum, dêr't Jacob ek de foarsitter fan is. By de modelfleanklup bouwe sa'n 30 leafhawwers winterdeis harren modelfleantugen. "Het is het hele plaatje. Bouwen en bedenken", seit Jacob. "Als je dan na een winter knutselen een vliegtuigje in elkaar hebt en het doet wat je wilt, dan is dat wel de kers op de taart."
Jacob van de Weerthof oer syn modelfleantugen
11:41

Geertje Postma lit de Terpetoer by Winaam sjen

10:43

Ferslachjouwer Froukje Sijtsma hat pech mei de auto

Froukje Sijtsma hat panne © Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Ferslachjouwer Froukje Sijtsma hat in lekke bân. Johanna Brinkman nimt it folgjende putsje fan har oer.
09:31

De Seesuskes swimme hjoed yn de feart

De Seesuskes út Winaam swimme it hiele jier troch bûten. It leafst swimme sy fansels yn see, mar mei leech wetter hawwe de Seesuskes de feart De Rie as alternatyf. Dêr sit Sippy Lousma hjoed ek al klear yn har swimpak. "Dit is hiel âld wetter", seit Lousma. "De feart komt út by Roptasyl. It sâlte wetter komt ek yn en út: it is in aardich skjinne feart."
De jongerein fan Winaam komt hjir ek graach. "It is harren plakje", seit Lousma. Har soan Minse fan fjirtjin is noch net sa lang fan bêd, mar hy stiet al klear yn de swimbroek. Minse sil it efkes goed foardwaan: in echte boereplûns. "Hearlik", seit Minne as hy wer út it wetter komt. Letter folget Sippy: mei de knibbels byinoar springt sy sa it wetter yn.
Ferslachjouwer Johanna Brinkman sjocht by de swimmers fan Winaam
09:30

Wolkom yn Winaam!

Goeiemoarn! It is de twadde wike fan Simmer yn Fryslân. Omrop Fryslân docht acht wiken lang ferslach fan alle simmerske aktiviteiten en sport yn Fryslân. Wy strike del yn ferskate doarpen en stêden. Hjoed binne we yn Winaam.
Simmerblog
Oerdeis is alles te folgjen op de radio, mei ferskate bydragen yn alle programma's. Online is it ek te folgjen yn dit simmerblog mei bydragen en foto's. Om 17.15 oere, en dêrnei yn de werhelling, is Simmer yn Fryslân mei it doarp fan de dei op telefyzje te sjen.
Freed wienen we yn De Rottefalle. Alles noch efkes neilêze? Dat kin hjir.
08:22

Rike skiednis

Geertje Postma © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
De earste persoan dy't ferslachjouwer Johanna Brinkman hjoed treft, is Geertje Postma. Dy is der op klaaid. "We ha fan 'e middei in iepening, dan komt de wethâlder ek op besite." It hat te krijen mei kuierrûtes: "We hienen altyd ien kuierrûte om it doarp hinne. Mar in pear jier lyn kamen hieltyd mear kuierders troch it doarp. We tochten: der moat noch mar in kuierrûte by. We ha no ek in hichtepunterûte en in katterûte. Dat hjit sa, want dat is ús bynamme: de Winamer katten."
De wethâlder krijt hjoed it earste eksimplaar foar dy nije kuierrûtes. "Winaam is net hiel grut", seit Postma. "Dus kinst prachtich troch it âlde doarp kuierje. En derom hinne binne ek allegear moaie rûtes. Kinst it sa lang meitsje ast sels wolst."

Op seis terpen

Postma komt sels fan Winaam en wennet noch yn har bertehûs. It doarp hat in rike skiednis, fertelt se. "Al fan it jier 0 ôf. Doe is hjir in soart kwelderrichel foarme. Dy rint fan Winaam oant Berltsum. Dêrnei kamen de earste bewenners hjir al, dy wennen op dy richel. Mar dy wie net heech genôch, dus in skoft letter ha se terpen boud. Winaam lei dus op seis doarpen. No is allinnich de meast westlike terp noch bewenne."
De twadde terp hjit de Tjitsmaterp. "Dêr ha se yn de foarige iuw in part fan in prachtige fibula fûn. Dêrom ha der letter noch mear grutte opgravingen west. Oare parten fan dy spjelde binne doe ek fûn. Dat wie sa unyk, dat is no it topstik fan it Fries Museum."
Fibula fan Winaam (kolleksje Fries Museum) © Omrop Fryslân
Troch de fynsten is no folle mear bekend oer it doarp yn dy tiid. "Sa witte we dat yn it jier 600 à 700 hjir in elitegroep wenne, mei in kening, keninginne of prins bygelyks dy't dat sieraad droegen hat. En der wie ek noch in hiele groep hannelslju. Der wie hannel mei Ingelân, Denemarken, Dútslân. Winaam lei oan it wetter, de skippen kamen hjir."
En oft Postma sels wolris siket? "Hiel stikem."
Geertje Postma fertelt oer de skiednis fan Winaam