HEA!
Weromsjen

HEA!

30 maart 17:15 - 17:30

Frans Visser fan fûgelwacht De Fjouwer Doarpen is altyd oan it seagjen en timmerjen. Hy hat al mear as 900 fûgelhúskes makke en dy hingje yn de omjouwing fan Rien en fier dêrbûten. Der is hast gjin beam dêr't gjin hokje yn hinget. Gerben de Vries fan Surhústerfean sil ferhúzje. Hy hat fan alles te keap stean yn syn garaazje.

HEA!

29 maart 17:15 - 17:30 Filten poppen mei bliere gesichten. De keunst dy't Janny Roubos út Drachten makket fan skieppewol is altyd fleurich. Nei it wykein moat de maneezje yn Harich wer oan kant makke wurde. Gelokkich is der in ploech fêste frijwilligers.

HEA!

28 maart 17:15 - 17:30 Jonges dy't it fan harren 'looks' hawwe moatte en in Harekyt sûnder mes. Fan alles komt te praat yn de HEA!-caravan. De caravan wie in dei te gast op sportpark De Bosk op 'e Harkema.

HEA!

23 maart 17:15 - 17:30 In teeservys, in hegedrukspuit of in fitnessapparaat... je kinne it sa gek net betinke as it is wol te keap op de feiling yn de maneezje fan Stynsgea. Ien kear yn'e moanne komme dêr nei de ponymerk de meast bysûndere saken ûnder de hammer. Der wurdt drok skoffele, wjudde en opromme by de entree fan Appelskea. De mannen fan de grienfoarsjenning soargje der foar dat de perkjes der wer keurich by lizze.

HEA!

22 maart 17:15 - 17:30 Bewenners fan de Meester Lokstrjitte yn Ravenswâld seagen wol wat moais yn de stam fan in ôfseage bûkebeam yn harren strjitte. Nei wat tsjinakseljen fan de gemeente kaam der dochs grien ljocht. En sa waard beamseachkeunstner Jeroen Boersma ynskeakele om der in moaie skulptuer fan te meitsjen.  As jonge woe hy altyd al it leafst achter de sjauffeur yn de bus sitte, sadat hy sjen koe hoe 't alles gie. En noch is Thijs van de Bles fan Sonnegea gek op bussen. Doe't de giele streekbussen der út giene, kocht hy sels ien op. En dat waard it begjin fan in ridend busmuseum, offisjeel de Stichting Openbaar Vervoer Collectie Nederland (OCVN).