HEA!
Weromsjen

HEA!

13 maaie 17:15 - 17:30

Femke Adema (16) fan Dokkum is in grut fan fan de Dolly Dots. Dy Nederlânske fammegroep wie populêr yn de jierren tachtich. Oare fans binne dan ek meastal in stik âlder. Hanna Terpstra komt yn sikehûzen op besite by sike bern om mei harren te tekenjen. De pasjintsjes meie sels bepale wat der makke wurdt. Sa biedt Hanna even in fijne ôflieding fan it siikwêzen.

Ofleveringen

HEA!

21 maaie 17:15 - 17:30 Sibe van der Meulen fan Aldebiltsyl is ien fan de pear minsken dy 't noch goed stuolwine kin: dat is mei bies in nije sitting yn in stoel of krukje meitsje. Cor en Tiny van der Plas út Den Haag steane mei in lekke bân yn de buert fan De Wylgen. De Wegenwacht moat der oan te pas komme, mar it pear wit net rjocht wêr 't se binne.

HEA!

20 maaie 17:15 - 17:30 Der binne net folle mear fan: doarpsfoliêres. In grutte kouwe mei kleurige fûgeltsjes foar alle doarpsbewenners om fan te genietsjen. Mar yn Britsum is der noch ien, en Johannes en Wybren passe der trou op. As slieptsjinstbegelieder helpt Stephanie Keizer minsken dy 't nachts psychyske problemen ha. Dêrneist is se ek noch keramiste en makket se kleurrike fûgeltsjes en blommen.

HEA!

19 maaie 17:15 - 17:30 Melissa Hooghiemster is krekt sechstjin, mar melkt alle middeis in dikke 160 kij. Har suske Annalies fan 13 helpt har dêrby. De fammen komme sels net fan de pleats, mar fine it prachtich wurk. Yn Makkum stiet in lyts praathokje, bekind as de leugenbank. Dêr komt alle dagen in groepke manlju byinoar. Se prate oer polityk, it nijs en wat der fierder yn 'e wrâld bard.

HEA!

13 maaie 17:15 - 17:30 Femke Adema (16) fan Dokkum is in grut fan fan de Dolly Dots. Dy Nederlânske fammegroep wie populêr yn de jierren tachtich. Oare fans binne dan ek meastal in stik âlder. Hanna Terpstra komt yn sikehûzen op besite by sike bern om mei harren te tekenjen. De pasjintsjes meie sels bepale wat der makke wurdt. Sa biedt Hanna even in fijne ôflieding fan it siikwêzen.