Weromsjen
Fier yn it run
It Eilauners
23 febrewaris
17:15
-
17:30
Krekt as de measte oare Waadeilannen hat ek Skiermuontseach in eigen taal, dy't in soad ynfloeden ken fan oare lannen dêr't de seelju fan it eilân mei yn kontakt kamen. Mar it Eilauners, dat unike klinkerlûden hat, wurdt hjoeddedei noch mar sprutsen troch goed 25 minsken en is dus op stjerren nei dea.