Liveblog | 10 maaie

Lês werom: NAC - Hearrenfean twa kear stillein troch fjoerwurk op it fjild, restant moandei

De wedstriid tusken NAC Breda en sc Hearrenfean is nei 82 minuten en in 2-0 tuskenstân staakt. Twa kear waard der fjoerwurk op it fjild smiten, foar in grut part fanwege de degradaasje fan NAC.

Lês hjir it blog oer de wedstriid werom.

Lêst bywurke: 10 maaie, 21:50
21:50

KNVB: fjoerwurksmiters krije stevige straf

Dat it restant fan de wedstriid yn Hearrenfean spile wurdt, is omdat de gemeente Breda fanwegen feilichheidsredenen gjin tastimming jout om de wedstriid dêr út te spyljen.
It reglemint fan de KNVB skriuwt foar dat as de wedstriid net by de thússpyljende ploech spile wurde kin, dat dan it restant by de tsjinstanner ôfwurke wurdt.
De KNVB kundiget oan dat de smiters fan fjoerwurk by de wedstriid opspoard wurde sille en in stevige straf ferwachtsje kinne. Foar it ôfstekken fan fjoerwurk jildt in lanlik stadionferbod fan minstens achttjin moannen yn kombinaasje mei in boete.
21:16

Restant fan NAC - Hearrenfean moarn yn Abe Lenstra Stadion

De lêste acht minuten en 50 sekonden fan NAC Breda - sc Hearrenfean (tuskenstân 2-0) wurde moarn spile yn it Abe Lenstra Stadion, befêstigje boarnen oan Omrop Fryslân.
It restant wurdt moarn spile fan 14.30 oere ôf. Dêrby is gjin publyk wolkom.
21:13

Frustraasje oerhearsket by Hearrenfean

By de stêf en seleksje fan Hearrenfean oerhearsket, njonken teloarstelling oer it eigen spul, frustraasje oer it staken fan de wedstriid.
"Nu krijgen de supporters wel heel veel invloed op het spelen of niet spelen van wedstrijden", seit trainer Robin Veldman. "Dat is doodzonde."
20:15

NAC - Hearrenfean mooglik útspile yn Abe Lenstra Stadion

Hearrenfeantrainer Robin Veldman mei oanfierder Luuk Brouwers
© ANP
De kâns is oannimlik dat NAC Breda - sc Hearrenfean moarn útspile wurdt yn it Abe Lenstra Stadion.
Yn prinsipe moat it slot fan de wedstriid, dy't hjoed staakt waard, spile wurde yn Breda, mar dan moat de gemeente Breda dêr tastimming foar jaan. De kâns dat dat gebeurt is lyts, melde boarnen oan Omrop Fryslân.
Dan soe de wedstriid ferskowe nei It Hearrenfean. Op dit stuit wurdt dêroer oerlein troch de KNVB en de gemeenten Breda en Hearrenfean.
As it beslút jûn noch falt, is de bedoeling dat de wedstriid moarn om 14.30 fierder spile wurdt.
Mochten de gemeenten Breda en Hearrenfean beide gjin tastimming jaan om de wedstriid yn harren gemeente útspylje te litten, dan wurde de lêste acht minuten op neutraal terrein spile.
Twa kear fjoerwurk
It duel waard hjoed yn de 82e minút by in tuskenstân fan 2-0 staakt nei't supporters fan NAC fjoerwurk op it fjild smiten hienen. Earder lei de wedstriid ek alris stil troch fjoerwurk op it fjild.
Wat de útslach fan de wedstriid ek wurdt, NAC kin degradaasje út de earedivyzje net mear ûntrinne.
Foar Hearrenfean stiet der noch wol wat op it spul: de ploech fan Robin Veldman wol sa heech mooglik einigje foar in goede útgongsposysje yn de play-offs om Europeesk fuotbal.
Algemien direkteur Ferry de Haan oer it stillizzen fan de wedstriid
20:00

Veldman: 'Wedstriid wurdt jûn net mear útspile'

Dat NAC - Hearrenfean jûn noch útspile wurdt, is "uitgesloten". Dat seit Hearrenfeantrainer Robin Veldman tsjin Omrop Fryslân.
Wannear't de lêste acht minuten dan wol spile wurde, is noch net bekend.
19:15

Oerlis oer wedstriid

Der wurdt op it stuit noch oerlein oer wannear't de wedstriid wer oppakt wurde soe. Dat soe sels hjoed noch kinne, mar dan moat it stadion wol leech wêze.