Liveblog | 12 april

Lês werom: sc Hearrenfean krijt de wyn fan foaren tsjin AZ en ferliest mei 3-0

sc Hearrenfean hat snein mei 3-0 ferlern fan AZ. Al betiid yn de wedstriid kamen de Friezen op efterstân.

Lês hjir it blog oer de wedstriid werom.

Lêst bywurke: 12 april, 18:41
18:41

sc Hearrenfean krijt in flinke dreun fan machtich AZ

De spilers betankje de meireizge fans
© Orange Pictures
sc Hearrenfean wol rjochting Europeesk fuotbal en winst op AZ koe de klup dêrby goed brûke. Dat wie allinnich net it gefal yn Alkmaar.
Al yn de earste tsien minuten rûnen de Friezen achter de feiten oan. De thúsploech iepene sterk en wist fuortendaliks it doel fan de gasten te finen.
It earste doelpunt wie fan Ro-Zangelo Daal, mar dy waard ôfkard troch in eardere oertreding op keeper Bernt Klaverboer.

Twa doelpunten nei acht minuten spyltiid

Trije minuten letter wie it Sven Mijnans dy't de iepeningstreffer dan makke. Hy helle hurd út en Klaverboer wie kânsleas.
Twa minuten dêrnei skeat Mijnans de bal alwer by Klaverboer binnen en sette de tuskenstân op 2-0 nei noch gjin tsien minuten spyltiid.
Nei tweintich minuten foel der noch in treffer foar AZ fan Alexandre Penetra, mar dy waard ek ôfkard fanwege bûtenspul.
Hearrenfean koe yn de earste helte gjin kânsen kreëarje, mar dat wie oars yn de twadde helte. De Friezen begûnen fûl oan de restearjende 45 minuten.

Kânsen foar Hearrenfean net ôfmakke

Der foelen in oantal kânsen, mar de bal einige mar net yn it doel fan AZ. Mar skoart Hearrenfean net, dan wol AZ it noch wol in kear dwaan.
Yn de 70e minút rekkene Troy Parrott ôf mei Maas Willemsen en skeat de bal it Fryske doel binnen.
Nei in oantal wiksels en kânsen fluitte skiedsrjochter Marc Nagtegaal ôf nei fjouwer minuten blessueretiid. It skoareboerd bleau op 3-0 stean.
sc Hearrenfean ferlit Alkmaar mei lege hannen en sakket nei plak acht yn de earedivyzje.
18:37

90+4' It is ôfrûn

sc Hearrenfean socht nei doelpunten, mar it wie AZ dat de bal echt binnen skeat.
De Friezen ferlieze mei 3-0 yn Alkmaar.
18:35

90+2' Hast Mijnans

In foarset fan Chávez wurdt krekt net rekke troch Mijnans, dy't graach syn tredde doelpunt meitsje wollen hie.
18:32

90' Ekstra tiid

Der komme fjouwer minuten ekstra by de twadde helte.
18:29

85' Gjin goal fan Brouwers!

Luuk Brouwers wit de earste goal foar Hearrenfean te meitsjen, mar nei in tsjek fan de fideoskiedsrjochter wurdt syn doelpunt ôfkard: bûtenspul.
18:25

82' Dûbele wiksel AZ

Meerdink en Sin

Troy Parrott en Kees Smit gean it fjild ôf. Mexx Meerdink en Matej Sin komme deryn.