Liveblog | 6 april

Lês werom: SC Cambuur spilet lyk tsjin FC Dordrecht nei duel mei miste kânsen (1-1)

SC Cambuur spile moandei mei 1-1 lyk tsjin FC Dordrecht en pakt in punt yn 'e kompetysje.

Lês hjir it blog oer de wedstriid werom.

Lêst bywurke: 6 april, 18:42
18:42

SC Cambuur pakt punt nei duel mei miste kânsen

It skoareboerd bleau op 1-1 stean
© Dijks Media
In 1-1 lykspul: mear siet der net yn by de wedstriid tusken SC Cambuur en FC Dordrecht.
Dordrecht begûn skerp oan de wedstriid, wat net it gefal wie by de Ljouwerters: dy liken noch net hielendal wekker te wêzen.
De earste helte ferrûn kalm en doelpuntleas. Beide ploegen kreëarren amper kânsen en it skoareboerd bleau op 0-0 stean.

Knal fan Diemers

De iepeningstreffer foel nei goed in oere spyljen. Mark Diemers skeat de bal yn de twadde helte knap fanôf in ôfstân de krusing yn en sette Cambuur op in 1-0 foarsprong.
De Ljouwerters bleaune jeien op in twadde doelpunt, mar dat doelpunt kaam úteinlik fan de gasten.
Yn de 80e minút skeat Stephano Carrillo foar FC Dordrecht de bal lâns keeper Thijs Jansen nei in foarset en sette de stân op 1-1.
Yn de slotfaze ûntstiene der noch in pear kânsen foar Cambuur om de lieding wer te pakken, mar de spilers slaggen dêr net yn.

Noch gjin feest foar ADO

By ferlies fan Cambuur en winst fan ADO Den Haag oan de oare kant fan it lân, soe ADO it kampioenskip winne. Mar troch it lykspul is dat feest noch efkes útsteld.
18:36

90+4' Ein fan de wedstriid yn Ljouwert

De wedstriid einiget yn in 1-1 lykspul, beide ploegen krije ien punt.
As der gjin gekke dingen barre yn de lêste wedstriden wurdt Cambuur twadde yn de Keuken Kampioen Divisie.
18:34

90+1' Kâns foar Henstra

Kooistra jout de foarset oan Henstra en dy lêste besiket te skoaren, mar de bal wurdt fuorttikke troch de ferdigening.
18:32

90' Ekstra tiid

Der komme fjouwer minuten ekstra by de twadde helte.
18:30

87' Lytse ûnderbrekking fan Venema

It spul leit efkes stil troch in blessuere fan Venema, mar efkes letter draaft er it fjild wer op.
18:27

85' Swak skot fan Rölke

Rölke besiket noch te skoaren, mar it is in swakke bal dy't keeper Biai maklik pakke kin.