Liveblog
|
23 febrewaris
Tûzenen minsken yn it súdwesten fan Fryslân oeren sûnder stroom troch stikkene kabel
Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje. Wolst meldingen krije by in nij berjocht? Klik dan op it beltsje boppe-oan yn de app.
Lêst bywurke: 23 febrewaris, 22:35
22:35
Sa'n 800 fan de troffen húshâldens ha wer stroom
Neffens de wurdfierder fan Liander is de kabel dy't soarge foar de stroomsteuring yntusken makke en wurdt de transformator yn fazen wer opstart.
Op dit stuit ha sa'n 800 fan de troffen húshâldens wer stroom. Liander ferwachtet dat om 23.00 oere hinne elkenien wer stroom hat.
20:26
Tûzenen minsken sûnder stroom troch stikkene kabel
De stroomsteuring yn it súdwesten fan de provinsje is ûntstien troch in stikkene kabel tusken in heechspanningsmêst en in transformator by Warkum. Dat meldt in wurdfierder fan Liander.
Troch de steuring, binne twa transformators útskeakele. Liander is manmachtich dwaande om dit te reparearjen.
As de kabel makke is, kin de transformator net yn ien kear ynskeakele wurde, seit de wurdfierder. Dat moat yn fazen gebeure.
Tûzenen minsken yn Warkum en omkriten sitte no al oerenlang sûnder stroom. It is neffens de wurdfierder net te sizzen wannear't alles wer klear is.
Hoe't de kabel stikken gien is, is ek noch net dúdlik.
19:30
Noch hieltyd stroomsteuring yn it súdwesten fan Fryslân
Ynwenners fan guon plakken yn it súdwesten fan Fryslân ha noch hieltyd gjin stroom. Under oaren yn Warkum, Blauhús en Koudum is sprake fan in steuring.
Netbehearder Liander lit witte dat de de problemen om 21.45 oere hinne oplost wêze moatte soene.
16:35
Plysjeteam docht ynfal yn loads Minnertsgea
In spesjaal plysjeteam fan de Dienst Speciale Interventies hat niiskrekt in ynfal dien yn Minnertsgea. Meardere meiwurkers dogge dêr ûndersyk yn in loads oan de Hearewei.
Der soene twa minsken oanhâlden wêze. Wêrom krekt, is net bekend.
Ek meiwurkers fan de Landelijke Faciliteit Ontmantelen en de resjerzje binne oanwêzich.
Ynfal yn Minnertsgea
15:13
Acht moannen sel foar stellerij by Tryater
In 42-jierrige man út de gemeente Noardeast-Fryslân is feroardiele ta acht moanne sel fanwegen ûnder oaren in ynbraak yn it gebou fan Tryater. Ut it pân fan it Fryske teaterselskip hie hy Ipads, Iphones en laptops stellen. Dat barde yn novimber ferline jier.
It wie net syn iennige ynbraak. Yn dyselde moanne stiel hy noch in boatsje yn Burdaard en in jier earder bruts er yn by in filiaal fan in boumerk yn Ljouwert. Foar de stellerij yn Burdaard krijt er nochris seis wiken selstraf.
De plysje kaam de dief nei de ynbraak by Tryater op it spoar troch de 'Sykje myn iPhone' app, doe't besocht waard om in account te wizigjen. It spoar late nei de wenning fan in 49-jierrige man út Ljouwert. Njonken de bewenner, ferbleaune trije oare manlju yn de wenning fan de 49-jierrige Ljouwerter op it momint dat de plysje foar de doar stie.
De bewenner, dy't yntusken ferhuze is, sei dat de oare manlju midden yn de nacht mei de hannen fol guod by him oanbellen. Hy waard nei syn sizzen oerrompele troch it trijetal.
De bewenner waard frijsprutsen, mar de oare trije mannen wiene neffens de rjochter allegear belutsen by de ynbraak. Fan de 42-jierrige wie in skuonspoar en in bloedspoar oantroffen yn it pân fan Tryater.
De twa oare manlju koene noch net foar komme, omdat harren advokaat siik wie.
15:00
Stroomsteuring yn it súdwesten fan Fryslân
Ynwenners fan guon plakken yn it súdwesten fan Fryslân ha fan 'e middei mooglik gjin stroom. Netbehearder Liander meldt dat yn ûnder mear Warkum, Koudum en Hylpen sprake is fan in steuring.
De krekte oarsaak is net bekend. Neffens Liander soene de problemen om 16.45 oere hinne oplost wêze moatte.