Liveblog
|
22 febrewaris
Auto bedarret op de kop yn boskjes by Rottum
Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje. Wolst meldingen krije by in nij berjocht? Klik dan op it beltsje boppe-oan yn de app.
Lêst bywurke: 22 febrewaris, 07:12
07:12
Auto bedarret by Rottum fan de dyk
In auto is saterdeitejûn by Rottum fan de dyk rekke. Fjouwer ynsitters fan de auto soene ferwûne rekke wêze.
It ûngelok barde om 23.30 hinne oan De Ketting. De auto is oer de kop slein en bedarre yn de boskjes. Hoe't dat koe is noch net dúdlik. De plysje hat ûndersyk dien nei it ûngelok en de dyk wie dêrom in skoftke ticht.