Liveblog
|
20 july 2025
Sander Arends wint ATP-toernoai yn Sweden | Van Zwieten, Minnesma en Steenstra winne yn Ljouwert
Hjir fynst in oersjoch fan it Fryske sportnijs. Wolst appmeldingen fan updates krije? Klik dan op it beltsje hjirboppe.
Lêst bywurke: 20 july 2025, 21:31
snein 20 july 2025
21:31
Nederlânske follyballers kânsleas degradearre
De Nederlânske follyballers, mei Bennie Tuinstra yn it team, hawwe seis teloarstellende wiken yn de Nations League ôfsletten mei in 3-0 nederlaach tsjin Italië yn it Sloveenske Ljubljana: 25-13, 25-22, 25-19.
Fan de eardere alve wedstriden hie Oranje der mar ien wûn: heal juny waard Turkije mei 3-1 ferslein.
Nederlân is lêste einige yn de pûl en wie al foar it duel mei Italië wis fan degradaasje nei de Challenger Cup.
20:58
Dizze partoeren moatte de keats-off spylje foar de PC
Nei de lêste frijeformaasjepartij fan fan 'e middei is dúdlik hokker partoeren oft rjochtstreeks pleatst binne foar de PC op 30 july en hokker partoeren de keats-off spylje moatte.
Troch winst yn de earste omloop hjoed op de haadklasse partij fersekere it partoer fan Remmelt Bouma, Gerben de Boer en Jan Tymen Eisma har rjochtstreeks foar dielname oan de PC.
Ek binne de junioarepartoeren fan Harmen Zuidema, Otte Algera en Dirk-Henk Kuipers en dy fan Brent Jesse van Beem, Jelvin Kaper en Jelmer Foppe Drijfhout al pleatst foar de 172e PC.
Mei dêrtroch moatte Jelle Attema, Kees van der Schoot en Pieter van der Schoot de keats-off spylje.
De oare partoeren yn de keats-off binne dy fan Johan Diertens, Jelle Cnossen en Jari Visser, dy fan Johannes van der Veen, Sjoerd de Jong en Stefan van der Meer en dy fan Lennart Feenstra, Frits Hoekstra en Brent Timmerman .
Keats-off en lotting
De keats-off stiet takom tongersdei op it programma. De winner pleatst him as lêste partoer foar de PC.
De folsleine lotting foar de PC hat plak op moandei 28 july tusken 18.00 en 19.00 oere en is streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân op de radio.
16:41
Van Zwieten, Minnesma en Steenstra winne yn Ljouwert
Menno van Zwieten, Rick Minnesma en Tjisse Steenstra ha de frijeformaasjepartij yn Ljouwert wûn. Se wiene mei 5-3 en 6-4 te sterk foar Johan Sipma, Gabe-Jan van Popta en Hendrik Kootstra.
It tredde plak gie nei Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra.
Steenstra is foar de sechsde kear ferkeazen ta kening fan de Rengersdei. Hy ferbrekt dêrmei it âlde rekôr fan Flip Soolsma.
15:23
Arends wint ATP-toernoai yn Sweden
Sander Arends en Guido Andreozzi hawwe it ATP-toernoai yn it Sweedske Båstad wûn.
Yn de finale tsjin Adam Pavlasek út Tsjechië en Jan Zielinski út Poalen ferlearen se de earste set, op in stân fan 6-6 waard de tiebreak mei 4-7 ferlern.
De twadde set gie wer lang lyk op, oant 5-5. Dêrnei koene Arends en Andreozzi it ferskil meitsje: 7-5.
Yn de supertiebreak slaggen Arends en Andreozzi deryn om de wedstriid folslein nei harren ta te lûken: 10-6.
It is foar Arends de twadde kear dat er yn Båstad wint. Yn 2021 wûn hy dêr syn earste ATP-titel.
sneon 19 july 2025
21:59
Groenewoud is nasjonale skeelertitel op de maraton kwyt
Marijke Groenewoud is op it NK skeelerjen twadde wurden op de maraton. Yn Warmenhuizen wie Lianne van Loon rapper yn de einsprint.
Groenewoud pakte de titel yn 2022 en 2024. Foar Van Loon is it har earste nasjonale titel. Sy is al wol Europeesk kampioene.
By de manlju wie der gjin Frysk sukses.
21:49
Noppert wint oertsjûgjend fan Menzies op World Matchplay
Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat yn de earste ronde fan de World Matchplay mei grutte sifers wûn fan de Skot Cameron Menzies: 10-2.
Noppert begûn de wedstriid goed, mei in 104 finish yn de twadde leg. Ek dêrnei waard al gau dúdlik dat Noppert fiersten te sterk wie foar Menzies. Op in gegeven momint stie it sels 7-0 foar de Jouster.
It slagge Menzies noch om twa legs te pakken, mar de oerwinning kaam foar Noppert net mear yn gefaar.
Yn de twadde ronde moat Noppert tsjin Gian van Veen, wêrmei't er koartlyn noch in koppel foarme op de World Cup of Darts.