Liveblog | 29 juny 2025

Nasjonaal Hjitteplan is fan moandei ôf fan krêft

Hjir fynst in oersjoch fan ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje. Wolst appmeldingen fan updates krije? Klik dan op it beltsje hjirboppe.
Lêst bywurke: 29 juny 2025, 13:52
13:52

Nasjonaal Hjitteplan is fan moandei 10.00 oere ôf fan krêft

Der wurdt tropyske waarmte ferwachte
© Omrop Fryslân
It Nasjonaal Hjitteplan is fan moandei 10.00 oere ôf fan krêft foar it hiele lân. Dat meldt it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu (RIVM) snein nei oerlis mei it KNMI. De hjitte kin oant tongersdei oanhâlde. Tiisdei en woansdei lykje de waarmste dagen te wurden mei temperatueren fier boppe de tritich graden.
Mei it plan warskôget it RIVM organisaasjes, mantelsoargers en minsken yn de soarch foar de oanhâldende hjitte, sadat sy passende maatregels nimme kinne. Benammen 75-plussers binne in kwetsbere groep by hege temperatueren, sy rinne mear risiko om út te drûgjen.
Sike minsken en jonge bern kinne neffens it RIVM ek sûnensproblemen krije as gjin maatregels naam wurde.

Advys KNMI

It KNMI advisearret op de webside ûnder mear om út de sinne te bliuwen, genôch wetter te drinken en gjin swiere lichaamlike aktiviteiten te dwaan tusken 12.00 en 18.00 oere.
Ek is it advys om gjin bern en húsdieren achter te litten yn in tichte auto, ek net foar in pear minuten.
13:02

Sylboat yn 'e problemen by Lauwerseach

In sylboat is justermiddei yn 'e problemen kaam flak bûten de haven fan Lauwerseach. De KNRM kaam rap te plak om help te ferlienen. Om healwei trijen ûntduts ien fan de minsken oan board fan de sylboat dat der wetter yn it skip kaam. Op dat stuit wie de boat krekt 300 meter út de haven, ûnderweis nei Skiermûntseach.
Frijwilligers fan de KNRM hawwe it skip werom nei de haven dirigearre en dêr it wetter út de boat pompt.
13:00

Goeiemiddei

Wolkom yn it 112-livebloch fan hjoed. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Wolst appmeldingen fan updates krije? Klik dan op it beltsje boppe-oan yn de app.
It 112-nijs fan juster kinst hjirûnder weromlêze: