Liveblog | 28 juny 2025

Auto slacht oer de kop by It Hearrenfean | Bestjoerder ûnder ynfloed rydt mei skansearre auto

Hjir fynst in oersjoch fan ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje. Wolst appmeldingen fan updates krije? Klik dan op it beltsje hjirboppe.
Lêst bywurke: 28 juny 2025, 14:20
14:20

Brêge Spannenburg stikken, ferkear moat omride

Ferkear dat oer de brêge by Spannenburg wol, moat rekken hâlde mei fertraging. Der is op it stuit in technysk defekt oan de brêge en dêrtroch stiet der file. Ferkear wurdt advisearre om te riden.
De rûte oer Follegea nei Eastersee kin lykwols net brûkt wurde. Dy dyk is ticht fanwege wurksumheden.
08:57

Auto slacht oer de kop by It Hearrenfean

De brânwacht kontrolearret oft der noch ien yn de auto sit
© BTBmedia
Oan de Weinmakker op It Hearrenfean is fan 'e moarn in auto ûndersteboppen by in sleat ta stilstân kaam. De minsken dy't yn de auto sieten binne nei it ûngelok útnaaid.
It ûngelok barde om 05.00 oere hinne. Helptsjinsten hawwe de sleat trochsocht op slachtoffers, mar der waard gjinien oantroffen.
Hoe't it ûngelok barre koe, en wêrom't de ynsittenden útnaaid binne is noch ûndúdlik.
08:50

Bestjoerder ûnder ynfloed rydt sleat yn by Hoarnstersweach

De auto rekke bot skansearre
© NoorderNieuws
In automobilist is justerjûn om 23:05 oere hinne op de Bij de Leijwei by Hoarnstersweach yn in sleat bedarre. De bestjoerder, dy't ûnder ynfloed wie, wist mei in kunde de auto wer op de dyk te krijen.
De auto rekke bot skansearre by it ûngelok, mar dochs ried de man troch nei Jobbegea.
Dêr hat de plysje de bestjoerder oanhâlden en nei in positive blaastest meinommen nei it plysjeburo.
08:45

Goeiemoarn

Wolkom yn it 112-livebloch fan hjoed. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Wolst appmeldingen fan updates krije? Klik dan op it beltsje boppe-oan yn de app.
It 112-nijs fan juster kinst hjirûnder weromlêze: