Liveblog | 31 july 2024

112-nijs 31 july: Sjitynsidint yn sintrum Ljouwert, slachtoffer swierferwûne

Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 31 july 2024, 21:15
21:15

Spesjalisten fan de plysje ûndersykje sjitynsidint Ljouwert

Plysjeûndersyk op it plak fan it ynsidint
© CAMJO Media
Spesjalisten fan de plysje ha yn it sintrum fan Ljouwert noch lang dwaande west mei it ûndersyk nei in sjitynsidint yn of by in hoarekasaak.
Ien man soe by dat ynsidint swierferwûne rekke wêze. It slachtoffer is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. Yn alle gefallen ien, mar mooglik ek twa dieders binne útnaaid. De plysje hat se noch net fûn.
Salang't it ûndersyk duorre, hat de Voorstreek ôfsletten west. Dat is in strjitte dêr't meardere hoarekasaken sitte.
20:03

Resjerzje ûndersiket tadracht sjitynsidint Ljouwert

Rommel op in terras yn Ljouwert
© CAMJO Media
It is noch net dúdlik wat de tadracht wie fan it sjitynsidint yn it sintrum fan Ljouwert. De plysje docht dêr ûndersyk nei. Dêr is de resjerzje ek by belutsen, seit in wurdfierder fan de plysje.
Op in foto fan it plak fan it ynsidint is te sjen dat tafels omfallen binne, en der lizze bierfleskes op de grûn. De plysje hat earder sein dat it ynsidint plakfûn hat yn in hoarkea-gelegenheid.
19:16

Plysje ropt help yn fan publyk: "Bel ons als je iemand zag vluchten"

Plysjes mei swiere kûgelkearende festen yn Ljouwert
© CAMJO Media
De plysje is no manmachtich op syk nei ien of twa minsken dy't belutsen wêze soene by it sjitynsidint fan in lyts oere lyn, yn it sintrum fan Ljouwert.
"Alle informatie die mensen hebben, is daarbij welkom", seit in wurdfierder fan de plysje. "De melding kwam rond 18:25 uur bij ons binnen. Als je rond die tijd bijvoorbeeld één of twee mensen hebt zien wegrennen, bel ons dan. En misschien zijn er ook beelden van een dashcam of een deurbel waar iets op te zien is."
Yn Ljouwert binne no plysjeminsken te sjen mei swiere kûgelkearende festen oan. Minsken hoege har dêr net drok oer te meitsjen, seit de plysje. "Dat is standaardprocedure bij zulke meldingen."
18:43

Sjitynsidint yn sintrum Ljouwert: trije skotten heard, traumahelikopter oproppen

Helpferlieners yn Ljouwert
© BTB Fotografie
Der is yn alle gefallen ien persoan ferwûne rekke by in sjitynsidint oan de Voorstreek yn Ljouwert. In ferslachjouwer fan Omrop Fryslân dy't dêr yn de buert wie, hat trije skotten heard. Oaren melde itselde.
It liket derop dat ien persoan slimferwûne rekke is. Der is in traumahelikopter oproppen om help te ferlienen. De plysje hat de omjouwing ôfset.
It ynsidint soe yn in kafé west ha. De plysje is no op syk nei ien of twa fertochten, lit in wurdfierder witte. Dy binne útnaaid, mar it is net dúdlik hokker kant op.
15:41

Gjin rydbewiis mear: Drachtster (32) hie 'de speed noch ûnder de noas'

In 32-jierrige motorrider út Drachten mei de dyk definityf net mear op. Dat hat de plysjerjochter hjoed bepaald. De Drachtster rûn twa jier lyn tsjin de lampe by in plysje-kontrôle. De man hie in protte drugs brûkt; neffens in agint siet de speed noch ûnder syn noas.
It rydbewiis fan de man is no fan 'rjochtswegen' ûnjildich makke. Hy moat wer opnij rydlessen folgje as hy ea wer op 'e motor ride wol.
14:15

Plysje: gjin reden ta yngripen by aksje Greenpeace

Aksjefierders fan Greenpeace boppe Skiermûntseach
© Greenpeace
De plysje sjocht op it stuit gjin reden om yn te gripen by de aksje fan Greenpeace benoarden Skiermûntseach.
Aksjefierders fan de miljeuorganisaasje demonstrearje op driuwende objekten op de lokaasje yn de Noardsee dêr't gasbedriuw ONE-Dyas in boarplatfoarm ynstallearje wol om ierdgas te winnen. "We zien tot dusver geen tekenen van strafbare feiten en ook geen acuut gevaar. En Greenpeace heeft het recht om te demonstreren", lit in wurdfierster fan de plysje witte.
"We blijven de situatie wel in de gaten houden", heakket se ta. De Kustwacht docht dat op fersyk fan de plysje, sawol mei in skip as mei in fleantúch.
Ek de Dútske plysje sjocht gjin oanlieding om yn te gripen. Dy neamt de aksje "freedsum" en lit fierder witte dat de skipfeart yn it gebiet gjin hinder ûnderfynt. ONE-Dyas sels tinkt wol dat it fersteuren fan de wurksumheden "gevaren met zich meebrengt".