Liveblog
|
30 july 2024
112-nijs 30 july: Gjin dossiers stellen fan kliïnten Woodbrookers | Greenpeace yn aksje op Noardsee
Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Lêst bywurke: 30 july 2024, 19:51
19:51
Gjin dossiers fan kliïnten stellen by ynbraak Woodbrookers
By in ynbraak yn it eardere behannelsintrum Woodbrookers yn Koartehimmen binne gjin dossiers fan kliïnten stellen. Dat meldt Jeugdhulp Friesland.
De organisaasje lûkt dy konklúzje nei it besjen fan kamerabylden. Earder warskôge Jeugdhulp dat der mooglik gegevens lekt wiene by de ynbraak. Dy wie ein maaie yn it leechsteande gebou fan Woodbrookers.
Yntusken binne alle dossiers út dat gebou wei. De plysje is noch dwaande mei it ûndersyk nei de dieders fan de ynbraak.
16:27
120 oeren wurkstraf foar mishanneling boa
In 25-jierrige ynwenner fan Hantum is by ferstek feroardiele ta in wurkstraf omdat hy in boa mishannele hie. De hanthavener woe de man, dy't op in scooter ried, tsjinhâlde, mar hy waard doe meiskuord. Dat barde by in ferkearskontrôle op it Zwitsers Waltje yn Ljouwert yn augustus ferline jier.
De Hantumer kaam sûnder helm oanriden en krige in stopteken. Ynearsten bleau hy ek stean, mar doe't him nei it rydbewiis frege waard, naaide hy út. De hanthavener pakte it wynskerm fan de scooter beet en waard doe tsien oant tweintich meter meisleept. De scooter foel boppe-op de boa.
De fertochte flechte dêrop yn in portyk. Hy waard letter oanholden. De scooter wie stellen, die letter bliken.
De offisier easke 150 oeren wurkstraf. Foar mishanneling en heling fan de scooter. De plysjerjochter seach lykwols gjin bewiis foar de heling en de dieverij fan de scooter. De Hantumer krige in wurkstraf fan 120 oeren en hy moat 5.000 euro smertejild betelje oan de boa.
15:58
Gasbedriuw warskôget foar 'verhoogd risico op ongevallen' troch aksje Greenpeace op Noardsee
De aksje fan Greenpeace op de Noardsee is net sûnder gefaar. Dat seit it gasbedriuw ONE-Dyas dêr't Greenpeace tsjin demonstrearret. It bedriuw is dizze wike begûn mei de ynstallaasje fan in boarplatfoarm.
"Ongeplande en onverwachte verstoringen, van welke aard of omvang ook, kunnen leiden tot een verhoogd risico op ongevallen voor zowel mens, natuur als milieu", seit in wurdfierder fan it bedriuw. "De eerste prioriteit ligt bij het zorgdragen van de veiligheid van de bemanning die werkt aan de installatie op zee en de actievoerders."
15:14
50 oeren wurkstraf foar WhatsAppfraude
In 43-jierrige Ljouwerter dy't syn bankrekken beskikber stelde foar WhatsAppfraude, is by ferstek feroardiele ta in wurkstraf fan 50 oeren.
Yn juny 2021 krige in ynwenner fan it Gelderske Vierhouten in WhatsAppberjocht fan syn dochter dat se driuwend jild nedich hie. De man trape deryn en makke yn totaal 8.000 euro oer.
Ien fan de rekkens wie fan de Ljouwerter. Hy krige 3.500 euro oermakke. Noch deselde jûn wie it jild fan de rekken pind. Mar de man sei fan neat te witten. Hy siet yn dy perioade yn in metadonprogramma.
De Ljouwerter hie al in strafblêd fan 15 siden. Mar de lêste wie fan 2021. Yntusken soe hy syn libben better op oarder hawwe. Dêr hâlde de offisier rekken mei by de eask. De rjochter joech deselde straf as eask.
14:08
Boargemaster slút wenning yn Ljouwert om drugs
Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert hat in wenning yn de stêd foar trije moannen sletten, neidat der in himpkwekerij yn oantroffen wie. De plysje hie mear as 600 planten oantroffen yn de wenning, en der soene meardere kearen planten rispe wêze.
De gemeente Ljouwert meldt dat dit de 22ste wenning is dy't dit jier sletten is yn it ramt fan de opiumwet.
13:32
Frou feroarsaket ûngelok ûnder ynfloed fan GHB
In frou dy't ûnder ynfloed fan GHB in oanriding feroarsake yn Kollumersweach, is feroardiele ta in boete fan 1.000 euro.
De 31-jierrige frou botste mei har auto tsjin in bestelbuske fan in supermerk. De botsing ûntstie nei't de frou te fier nei rjochts útwykt wie. De bestelbus koe gjin kant mear op.
De bestjoerder fan de bus kaam klem te sitten mei har skonken. Se hold in ferbrizele tomme en in ôfskuorde sine oer oan it ûngelok.
De 31-jierrige frou rekke lichtferwûne. Har dochterke, dy't njonken har yn de auto siet, rekke net ferwûne.
De frou wit neat mear fan it ûngelok. Se stelt te besykjen fan de drugs ôf te kommen.