Liveblog
|
29 july 2024
112-nijs 29 july: Mooglik minsklike bonken fûn yn Dronryp | Hanthavener mishannele op festival
Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Lêst bywurke: 29 july 2024, 19:35
19:35
Motorrider triuwt hurdfytser mei opsetsin om by triatlon Ljouwert: bonken brutsen
In frou dy't meidie oan de triatlon fan Ljouwert is mei opsetsin troch in motorrider omtreaun, doe't se op de fyts in trekker ynhelje woe. Dat meldt de plysje.
It ynsidint wie al op 20 july. De plysje is no op syk nei de minsken dy't doe earste help ferliend ha, en ek nei oaren dy't mooglik wat sjoen ha.
De frou wie op de racefyts ûnderweis oer de Aldemiede yn de rjochting fan Suwâld doe't se in trekker ynhelle. Op itselde stuit kaam in motorrider har fanút Suwâld yn 'e mjitte. By it passearjen joech de motorrider de fytster in triuw. Se foel flak neist de trekker, meldt de plysje.
De frou hat in brutsen bonke oerholden oan de fal, en rûn ek skaafwûnen op. Har fyts en har klean rekken skansearre. De motorrider is trochriden.
16:32
Mooglik minsklike bonken fûn yn Dronryp
Op in stik grûn by in wenning yn Dronryp binne mooglik minslike bonken fûn. Dat meldt de lokale omrop Zilt. De plysje hat de bonken yn beslach naam, en docht no forinsysk ûndersyk.
Sneintemiddei krige de plysje in melding dat der bonken oantroffen wiene. Der binne gjin oanwizingen fûn foar in misdriuw, meldt de plysje. "Het moet eerst nog blijken of het menselijke botten zijn. Dat is op dit moment nog niet honderd procent zeker te zeggen."
Der wurdt hjoed ek noch ûndersyk dien yn Dronryp, meldt de plysje. "Mocht het zo zijn dat het menselijke botten zijn van na 1920, dan lukt het wellicht om DNA af te nemen en het te koppelen aan bijvoorbeeld een langdurig vermist persoon."
16:26
File op A6 nei ûngelok by Skarsterbrêge
Nei in ferkearsûngelok is in flinke file ûntstien op de A6 by Skarsterbrêge. Der wiene yn alle gefallen twa auto's belutsen by it ûngelok. De dyk is foar in part ôfsetten, wat soarget foar in file tusken De Lemmer en De Jouwer.
It is net dúdlik oft der minsken ferwûne rekke binne by it ûngelok.
15:35
Hanthavener mishannele op festival
By in fjochtpartij op it Klaaikluutfestival by Mitselwier is in hanthavener fan de gemeente Noardeast-Fryslân op de holle slein en tsjin it ankel skopt. Dat meldt de plysje hjoed. De hanthavener woe yngripe by de fjochtpartij doe't er mishannele waard.
De plysje is no op syk nei minsken dy't sjoen ha wat der bard is. De fjochtpartij wie sneontenacht om ien oere hinne.
12:11
Fytser swierferwûne by oanriding mei in motor yn De Haule
Oan de Tonckensweg (N918) yn De Haule is in persoan slimferwûne rekke by in ûngelok. Der wie sprake fan in oanriding tusken in motor en in fytser op in trijetsjiller.
Mei de oanriding foel de motorrider. De motor kaam pas 100 meter fierder ta stilstân. De bestjoerder is ferwûne rekke en de fytser slimferwûne. De fyts is dwerstroch brutsen.
Meardere ambulânsen, in traumahelikopter, de brânwacht en de plysje binne op it plak kaam om medyske help te ferlienen en it ûngelok ôf te hanneljen.
11:24
Undertrochgong by Wommels-Noard (N359) iepene
It ferkear tusken Boalsert en Ljouwert kin sûnt hjoed gebrûk meitsje fan de nije ûndertrochgong by Wommels-Noard (N359). It is de lêste fan trije: earder waarden al ûndertrochgongen by Boalsert-Noard en Burchwert iepene.
Foar fytsers is der in apart fytspaad ûnder de dyk. De provinsje hopet dat mei de ûndertrochgongen de feiligens om de dyk hinne ferbetteret. Yn totaal hat it projekt, dat oardel jier duorre, sa'n 13 miljoen euro koste.