Liveblog | 28 july 2024

112-nijs 28 july: Noch in boatsje útbrând yn Ljouwert | Sykaksje nei wapen Fryske Peallen

Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 28 july 2024, 16:33
16:33

Noch in boatsje útbrând yn Ljouwert

Fan it boatsje is net folle mear oer
© Kappers Media
Der is fan 'e middei yn Ljouwert noch in boatsje útbrând. Diskear wie der brân op in boat op 'e Dokkumer Ie. Neffens omstanners wie der earst in eksploazje te hearren.
Fan it boatsje is net folle mear oer. De brânwacht kaam teplak en hat it fjoer útmakkke.
14:42

Brantsje yn hoarekagelegenheid op It Amelân

Yn it sintrum fan Nes op It Amelân hat fan 'e middei koart brân west yn in hoarekagelegenheid. Yntusken hat de brânwacht it fjoer ûnder kontrôle. De flammen soene yn it plafond fan it gebou sitten ha.
De brânwacht is op dit stuit dwaande mei in neikontrôle.
12:26

Boatsje is útbaarnd

De brânwacht koe it boatsje net mear rêde
© CAMJO Media
De brânwacht koe it boatsje net mear rêde. De boat is folslein ferwoeste troch de brân.
De eigeners koene krekt op 'e tiid it boatsje oan de kant sette om oan de brân te ûntsnappen.
Hoe't de brân ûntstean koe is net dúdlik, troch de reek hat it fytspaad koarte tiid ôfsletten west.
12:13

Boatsje yn de brân yn Ljouwert

De reek fan de Planetenlaan ôf
© Omrop Fryslân
By de Holstmeerweg yn Ljouwert stiet in boat yn de brân. It giet om in kajútboatsje dy't flakby de brêge fan de Planetenlaan oer it Wilde Greons leit.
De flammen slagge út de boat en de reek is goed te sjen. De dyk is wol noch iepen foar ferkear.
08:49

Plysje siket nei wapen by Fryske Peallen

De plysje yn aksje by de A7
© Noordernieuws
By de A7, op de grins fan Grinslân en Fryslân, hat de plysje yn de nacht fan sneon op snein in skoft dwaande west mei in sykaksje.
Dêrby waard ûnder oare gebrûk makke fan hûnen.
De plysje begûn de aksje nei de melding fan in mooglike bedriging. "We hebben uitgekeken naar een voertuig, het voertuig richting een benzinestation geleid en de inzittenden meegenomen naar het bureau", sa seit in plysjewurdfierder.
Der is ien persoan oanhâlden, mar dy waard yntusken wer frijlitten. In wapen waard net fûn. De ôfslach Fryske Peallen wie fanwege de sykaksje in skoft ôfsletten.