Liveblog | 14 maaie 2024

'AVROTROS die foar diskwalifikaasje melding fan ûnfeilige sfear'

Hjir melde we it lêste nijs oer Joost Klein, dy't diskwalifisearre waard op it Songfestival yn Sweden.

Lêst bywurke: 14 maaie 2024, 16:41
tiisdei 14 maaie 2024
16:41

'AVROTROS die foar diskwalifikaasje melding fan ûnfeilige sfear'

Omrop AVROTROS hat by de organisaasje fan it Eurovisie Songfestival in melding makke fan in ûnfeilige sfear efter de skermen. De omrop hat dy melding op 10 maaie dien, noch foar de diskwalifikaasje fan Joost Klein, dat meldt NU.nl.
Wat de krekte ynhâld fan de melding wie, wol AVROTROS net sizze. Der binne meardere delegaasjes dy't klagen oer in ûnfeilige sfear. De Noarske kandidaat hat sels "oant de lêste sekonde" oerwage om net mei te dwaan.
15:06

Servyske omrop freget opheldering oer diskwalifikaasje Joost Klein

De Servyske publike omrop RTS freget opheldering oan Songfestivalorganisator EBU oer de diskwalifikaasje fan Joost Klein.
Dy útspraak docht Olivera Kovacevic, it haad entertainment fan de omrop yn NOVA S, in Servysk nijsprogramma.
Neffens har wie diskwalifikaasje in te swiere straf.
14:28

Europapa yn de stêd: sa klinkt dat

Yn Ljouwert wie it stil, mar op oare plakken yn it lân klonk fannemiddei it lûd fan Europapa út it kariljon. Yn Grins waard it kariljon bespile troch Bob van der Linde, dy't ek beiaardier is yn Snits.
Europapa yn de stêd: sa klinkt dat
12:56

Europapa populêr op Spotify

Joost Klein yn Spotify Global list op plak 22
© Omrop Fryslân / Spotify
Op de wrâldwide list fan meast draaide nûmers op Spotify stiet Europapa fan Joost Klein op dit stuit op nûmer 22. Dêrmei is dat it populêrste songfestivalnûmer fan dit stuit.
De list wurdt gearstald op basis fan it measte tal streams op in dei. Yn totaal is it nûmer mear as 55 miljoen kear beharke.
Klein is it winnende nûmer The Code fan Nemo foarby. Dat nûmer stiet no op plak 23.
Op Instagram groeit it tal folgers fan Joost Klein ek noch hieltyd. It binne der no oardel miljoen.
11:44

'Europapa' om 12.00 oere net te hearren yn Ljouwert

'Europapa', it ferske dêr't Joost Klein mei nei it Songfestival gie, sil fan 'e middei om 12.00 oere net spile wurde op it kariljon yn Ljouwert.
Op ferskate plakken yn Nederlân is dat ferske aanst te hearren, as stipe oan de Fryske songfestival-artyst Joost Klein. Radiostjoerder 3FM organisearret de aksje en melde earder dat it songfestivalferske ek yn Ljouwert te hearren wêze soe, mar neffens de beiaardier fan Ljouwert is dat net it gefal.

Estafette

Beiaardier fan Ljouwert, Veendam en Winschoten Vincent Hensen-Oosterdijk pleitet derfoar om in karillon-estafette te dwaan, en dus net alles om 12 oere fan 'e middei te spyljen. Simpelwei omdat dat fysyk net mooglik is. "We vergeten nog wel eens dat beiaardiers mensen zijn die meerdere torens op moeten lopen."
Europapa wurdt om 12.00 oere wol spile yn ûnder mear Grins, Venlo, Leiden, Eindhoven en Vlissingen. Orgel Joke spilet online mei.
10:34

'Joost Klein hat ekskús oanbean'

De twadde repetysje fan Joost Klein foar it Songfestival
© Sarah Louise Bennett / EBU
Direkt nei it ynsidint dêr't er letter om diskwalifisearre waard, hat Joost Klein ekskús makke. Dat skriuwt de Sweedske krante Aftonbladet.
Doe't er troch de plysje heard waard, soe Klein syn aksje tajûn hawwe, en sein hawwe dat er in protte stress fielde troch de fotografen om him hinne. Hy soe lilk wurden wêze, syn earm mei in tichte fûst omheech dien ha, en dêrby de kamerafrou rekke ha.
"Dat had niet mogen gebeuren", sitearret Aftonbladet Klein.
Fuortendaliks dêrnei soe er him neffens meardere minsken dy't efter de skerms oanwêzich wiene tige beroufol gedroegen ha, en meardere kearen sein "het spijt me, het spijt me". It is net dúdlik oft dy ekskuzen rjochte wiene oan de frou dêr't it om gie, skriuwt de Sweedske krante.