Liveblog | 16 july 2022

Dit wie de smoardrokke tredde dei fan de Tall Ships Races yn Harns

Yn dit liveblog koest de tredde dei fan de Tall Ships Races yn Harns folgje:

  • Fjouwer jier lyn wie de sneon de drokste dei, dat wie hjoed wer sa;
  • Der wienen in hiel soad aktiviteiten, mei in soad muzyk;
  • De kapiteins binne bypraat: moarn om 13.00 oere begjint de Sail Out.

Dit liveblog was ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 16 july 2022, 17:59
18:00

Tank foar it folgjen!

© Omrop Fryslân, Lennard Geerts
17:43

Noch even sfear priuwe

Willem Vermeltfoort op it terras yn Harns
16:55

It skema foar moarn

De captain's briefing foar moarn
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort is de hiele dei bûten, mar sjocht ek even binnen. Hy is by de captain's briefing: Frans Papp leit oan alle kapiteins út hoe't se moarn útfarre moatte.
Hiel simpel is it net, leit Henk Emmink fan dyselde organisaasje út. "We gaan naar Antwerpen, maar we zijn wel gebonden aan het hoge water. Sommige schepen steken meer dan zes meter diep, dus we zijn afhankelijk van het water. Bovendien moeten ze allemaal in een bepaalde volgorde, ze mogen ook niet allemaal tegelijk."
Minsken út Antwerpen binne der ek. Dy lizze út hoe't de skippen wer binnen komme yn de Belgyske havenstêd.
It earste skip giet om 13.00 los, de Dar Mlodziezy út Poalen. Dat is ek fuort it grutste skip. "In totaal duurt het wel een uur of drie", ferwachtet Emmink.
16:39

Lange rigen

15:56

Sail a Future: boadskip foar in moaie takomst

tsrh6
Ien fan de projekten dit wykein yn Harns is Sail a Future. Op in grut seil fan sa'n 20 meter heech steane allegear boadskippen. It is in inisjatyf fan Hetty van der Linden en Lammert Ossinga.
"We vragen de kinderen om een neverending love letter to the ocean te maken", fertelt Van der Linden. "Tekenen, schrijven, wat ze maar willen. En die boodschap gaat mee de wereld over, op dit zeil. Later maken we er tassen van en die bieden we dan aan als kerstpakket."

Belûke by it evenemint

Mei it projekt hoopje se de jonge bern by it evenemint te belûken, seit Ossinga. "Bern fan 15 oant 25 jier kinne meisile op in skip, mar de bern dêrûnder noch net. En sa fiele se har belutsen by de skippen. We moatte se ek net ûnderskatte, want se witte folle mear as dat wy tinke. We moatte mear nei de bern lústerje, yn plak fan dat we se fertelle hoe't it moat."
Ien fan de jonge dielnimmers is Nykle Kuiken. Dy tekenet in wrâldbol. "Als symbool dat we de aarde moeten redden, daar heeft het project ook mee te maken. Door te veel CO2-uitstoot smelten de ijskappen, dan kan het waterniveau stijgen en dan lopen we hier in Nederland gevaar."
15:52

KNRM is der ek