Liveblog | 22 juny

Lanlike aksjedei fan boeren tsjin de stikstofplannen: sjoch hjir werom op it boereprotest

Boeren yn it hiele lân holden hjoed protestaksjes tsjin de nije stikstofmaatregels fan it kabinet. Ek guon Fryske boeren dienen dêroan mei.

  • Tal fan boeren rieden stadich op A7 tusken Drachten en It Hearrenfean en oarsom
  • De plysje hat gjin boetes útdield op de A7
  • Der wienen ek Fryske boeren yn Stroe
Bywurke: 22 juny, 21:49
woansdei 22 juny
21:32

Ein fan dit liveblog

We slute dit blog. Folgje ús webside en app om op de hichte te bliuwen fan it lêste nijs oangeande de stikstofoanpak en de konsekwinsjes dêrfan.
19:20

'Boeren dy't regels oertrêden, kinne dochs boete krije'

Boeren dy't de regels oertrêden hawwe by de aksjedei tsjin it stikstofbelied fan it kabinet, komme der net samar foar wei. Dat seit Dilan Yesilgöz, minister fan Justysje.
"Er zijn veel boeren geweest die zich aan de regels en afspraken hebben gehouden en toch hun geluid hebben laten horen. Veel boeren hebben er misbruik van gemaakt. Waarschijnlijk denken zij dat ze er mee wegkomen. Ik hoop dat we in een land leven waar dat niet zo is", seit se.
Earder sei de plysje tsjin Omrop Fryslân dat it gjin boetes útdield hat oan boeren dy't de plysjeblokkades op de A7 negearren. Ek de spûkriders op dyselde dyk waarden net bestraft. De minister sil útsykje oft boeren efterôf dochs noch bestraft wurde kinne, eventueel mei it brûken fan kamerabylden.
17:40

Steane minsken noch efter de boeren?

It is net de earste kear dat de boeren aksjefiere. Se hawwe al faker mei trekkers op in paad west om te protestearjen tsjin it oerheidsbelied oangeande de agraryske sektor. Mar is der noch draachflak foar de protestaksjes? Omrop LEO Middelsé socht it út.
Steane minsken noch efter de boeren?
16:55

Sneldyk A6 yn beide rjochtingen blokkearre

Boeren hawwe de sneldyk A6 by Emmeloord yn beide rjochtingen blokkearre mei trekkers. Ferkear fan en nei Fryslân moat rekken hâlde mei ophâld. Dat lit Rykswettersteat witte. In wurdfierder slút net út dat der op mear plakken sokke aksjes komme sille.
Trekkers op de A6 © CAMJO Media
16:49

Fryske boerinne: "Wy moatte it mei syn allen dwaan"

Ien fan de Fryske aksjefierders yn Stroe is Tsjitske Dijkstra fan Raard. Neffens har is der gjin goeie ûnderbouwing foar de stikstofplannen fan it kabinet.
Neffens har bliuwe de boeren aksjefieren oant de stikstofplannen fan tafel binne. "Wy moatte it mei syn allen dwaan. As se de boeren fuortjeie, is it hiele griene gebiet fuort."
Tsjitske Dijkstra fan Raard
16:33

Programma yn Stroe ôfrûn

It offisjele programma fan it protest tsjin de stikstof- en natuerplannen fan it kabinet yn Stroe is ôfrûn. De earste aksjefierders binne op in paad nei hûs. Rykswettersteat warskôget dat it wolris in swiere jûnsspits wurde kin. It protest is goed ferrûn. Troch de waarmte moasten der wol in protte minsken nei in EHBO-post, stelt ferslachjouwer Auke Zeldenrust.
Der wienen in soad sprekkers, wêrûnder in oantal politisy. Neffens Zeldenrust krige Caroline van der Plas fan BBB de grutste reaksje fan it publyk.
15:38

Gjin boetes útdield op A7

De plysje stelt dat it gjin boetes útdield hat oan boeren dy't de plysjeblokkades op de A7 negearren. Ek de spûkriders op dyselde dyk binne net bestraft.
15:33

Boeren fiere aksje by provinsjehûs

Der protestearje ek in oantal boeren by it provinsjehûs yn Ljouwert. It giet om 7 trekkers mei 40 oant 50 aksjefierders. Se wolle dat steateleden harren hantekening ûnder in brief wêryn't stiet dat de provinsje it lanlike stikstofbelied net opfolgje sil.
Boeren yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Ferslachjouwer Onno Falkena by it provinsjehûs
14:15

Ek yn Easterwâlde is protest fan de boeren

13:56

Programma yn Stroe mear as oere letter begûn

Boeren yn Stroe © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
It offisjele programma fan it protest tsjin de stikstof- en natuerplannen fan it kabinet yn Stroe is om 13.15 oere hinne begûn. Eins soe it programma om 12.00 oere begjinne, mar doe wienen noch in soad minsken ûnderweis nei it terrein dêr't aksje fierd wurdt.
Tal fan tûzenen boeren en oare tsjinstanners fan de stikstofplannen hawwe har sammele op it terrein. Ek steane der tûzenen trekkers om it fjild hinne, dêr't in poadium delset is. De sfear is gemoedlik. Der fleagen der fleantúchjes mei teksten derachter as 'no farmers no food' en 'proud to be a farmer'.
13:47

Gjin files mear op A7

Op de A7 tusken Drachten en It Hearrenfean binne de files ûnderwilens oplost.
13:31

Grutte drokte op de A7

Grutte drokte op 'e A7 mei trekkers
13:04

Boeren oan it spûkriden

De plysje hie de Fryske aksje op de A7 ferbean, mar dochs binne de boeren op de dyk kaam. "Dat geeft voor ons een zeer gevaarlijke situatie, omdat de hulpdiensten er niet of nauwelijks langs kunnen, dus daar zijn wij niet zo blij mee", seit Jacqueline van Wijk van de ienheid Noard- Nederlân.
Om de aksje tsjin te gean hie de plysje de op- en ôfritten tichtset mei plysjewein. "Links en rechts zijn ze om de politieblokkade heengereden. wat zeer gevaarlijke situaties gaf, omdat er een aantal aan het spookrijden zijn en door de berm. Door de zeer gevaarlijke situatie die is ontstaan, zijn ze toch op de A7 beland."
De plysje respektearret neffens har dat de boeren foar harren belangen op komme wolle, mar dit mei net ta skea gean fan de ferkearsfeiligens.
Plysje oer aksje op A7
12:36

Reaksje fan 'e boeren op 'e A7

Reaksje fan 'e boeren op 'e A7
12:19

Belutsen sektoaren fiere ek aksje

Ferslachjouwer Ben de Jager siet mei in aksjefierder yn de auto op de A7 by De Tynje, Joost Mulder. Hy wurket yn de feefoer. "We binne ûnderdiel fan de sektor en dan komme se ek oan ús. We wolle in statement meitsje, we kinne net sûnder de boeren."
Neffens him is der mear tiid en romte nedich om nei oplossingen te sjen.
Ferslachjouwer Ben de Jager op A7
12:17

Drokte op de A7

De Fryske aksje fan it riden op de A7 soe om healwei tolven einigje yn de greide by Beetstersweach, mar rûn ek fertraging op. "Noch hûnderten trekkers ride troch it doarp en dy moatte allegear in greide yn. Dizze Fryske boeren gean net nei Stroe", seit ferslachjouwer Willem Vermeltfoort.
Willem Vermeltfoort
12:09

Programma yn Stroe rint fertraging op

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust is yn Stroe. De reis derhinne wie in hiel o heden mei opstoppingen, omliedingen en optochten. "Noch lang net alle trekkers binne op it terrein. Dus it programma rint fertraging op." Der binne sprekkers, ûnder oare Caroline van der Plas fan de BBB.
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust yn Stroe
12:05

Neffens Farmers Defence Force binne der al 20.000 minsken yn Stroe

"De sfeer zit er hier goed in, de reis hiernaartoe ging goed", seit Mick Tinga fan Farmers Defence Force dy't yn Stroe is. Neffens him binne der al 20.000 minsken en der wurde noch folle mear ferwachte.
Dat Twadde Keamerlid Tjeerd de Groot om feilichheidsredenen net nei Stroe komme kin, fynt er oanstellerij. "We zoeken hem zelf wel op. Er is geen reden dat er hier iets zou gebeuren. We zijn altijd beschaafd geweest en hebben ook wel met hem gesproken. Maar hij houdt vast aan zijn standpunten en eet het liefst een broodje gras en daar passen we voor."
De demonstraasje is noch net begûn, se wolle wachtsje oant elkenien der is. "We gaan door, al is dat tot vannacht, dat maakt ons niet uit."
Mick Tinga
11:41

Ferkear rint fêst op de A7

Trekkers op A7 © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
It ferkear op de A7 by Drachten rint hielendal fêst. Der is in flinke file ûntstien troch in blokkade. In wein stiet oer de dyk. De plysje wit net oft it om in bewuste aksje is fan it boereprotest.
Neffens Rijkswaterstaat is yn de rjochting fan It Hearrenfean tusken Drachten en De Tynje 75 minuten fertraging. Der is 9 km stilsteand ferkear op de A7 Drachten rjochting It Hearrenfean, it stiet stil krekt foar de Tynje oant Drachten ta. Ek oan de oare kant stilsteand ferkear fan It Hearrenfean nei Drachten en dan foar de ofslach De Gordyk stiet 1,5 km file. De sneldyk dêr rjochting Drachten is ticht.
© Google
11:25

File op de A7

Boerenfile op 'e A7
11:04

Forum voor Democratie rint út Steaten

De steatefraksje fan Forum voor Democratie is woansdeitemoarn opstapt by de gearkomste fan Provinsjale Steaten. Se dienen dat as protest tsjin de stikstofplannen fan de minister en om de boeren te stypjen. Om healwei alven ferlieten se de seal om op wei te gean nei de boeren.
De partij stelde oan it begjin fan de gearkomste in pear fragen oer de stikstofoanpak oan deputearre Klaas Fokkinga. Oanslutend rûnen de trije Steateleden fuort, noch foardat Fokkinga de kâns hie om antwurd te jaan.
"It giet om it systematysk negearjen fan boargerrjochten", seit Steatelid Durk Dijkstra. It plan moat fan tafel. "We wolle der net iens oer prate."
Steatelid Durk Dijkstra
10:55

It ferkear rint fêst by It Hearrenfean en Drachten

© Google
Trekkers op de A7 © RTV NOF, Ben de Jager
10:34

Om 10.30 oere al 500 trekkers yn Stroe

Om 10.30 oere hinne wienen der al 500 trekkers yn Stroe. Om it doarp hinne stean noch hûnderten trekkers.
10:33

Minister Van der Wal hat begryp foar boereprotesten

Minister Van der Wal (Natuer en Stikstof) snapt dat boeren massaal protestearje tsjin de stikstofplannen fan it kabinet. Se ûnderstreket nochris dat it doel - 50 prosint stikstofreduksje yn 2030 - net feroare wurdt, mar dat provinsjes foar maatwurk soargje kinne.
De minister is net útnûge om by it protest yn Stroe te wêzen. "Dat mag en dat snap ik ook. Het is alleen maar fijn dat we in een land leven waarin je mag protesteren", sei de minister. Se is ree "altijd en overal" mei de boeren te praten. "Ook om het uit te leggen."
10:15

Trekkers op de A7

Stadich ride op de A7 © SRFotografie
10:11

Frysk Keamerlid Tjeerd de Groot net nei protest om feilichheidsredenen

"Het is een slechte dag voor de democratie" seit D66-Keamerlid en lânbouwurdfierder Tjeerd de Groot. Hy giet net mear nei it boereprotest yn Stroe, om feilichheidsreden. Yn oerlis mei Nationaal Coördinator Terrorismebestrijding en Veiligheid is dat besletten. Moandei sei hy tsjin Omrop Fryslân dat hy by it protest gjin poadium krige as foarstanner fan it stikstofbelied, mar dochs gong om de diskusje oan te gean.
09:58

Trekkers ride om 10.00 oere stadich op de A7

Reyer Frank van der Steege © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort wie by it carpoolplak by It Hearrenfean dêr't trekkers sammelje om stadich nei Drachten te riden oer de A7 en ek yn omkearde rjochting. Om 10.00 oere begjinne se te riden.
De plysje hat oanjûn dat dat net mei op de sneldyk en dat se hanthavenje sille. Dat kin ek achternei oan de hân fan kentekens, mar it fieren fan in kentekenplaat is pas nei 1 july ferplichte, dus de trekkers stean der sûnder platen.
Reyer Frank van der Steege wol mei de aksje boargers bewust meitsje dat se it net iens binne mei de plannen. "We ride op de A7 neist it Natura 2000-gebiet Van Oordt's Mersken, dêr't boeren redusearje moatte. As we stadich ride dan kinne boargers genietsje fan de natuer dy't der is. We wollle in freonlik statement ôfjaan, dêr't minsken sa min mooglik lêst fan hawwe."
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by de A7
09:33

Ferkearsdrokte om 9:30 oere

© Google
09:27

Biologyske boer Wytse Brandsma docht al soad oan natuer

Boer Wytse Brandsma © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Biologyske boer Wytse Brandsma út Boalsert docht net mei oan de aksje. Hy hat it net oan tiid. "Ik soe it net snappe kinne as der foar my ek noch maatregels komme. Ik tink dat we in foarbyldbedriuw binne fan hoe't it ministearje tinkt datst buorkje kinst."
Hy melkt 60 kij op 70 hektare en foar Natuurmonumenten 10 hektare natuer yn behear. Hy wit net wat de maatregels ynhâlde. "De takomst is ûnwis. As we werom moatte yn kij, hawwe we minder molke en dy moat dan djoerder wurde om bestean te bliuwen."
Hy begrypt wol dat der wat barre moat. "Mar de manier wêrop't en hoe't dat kommunisearre is, makket dat it ûnwis is." Mei twa plasdrasgebieten en in grut bioferskaat docht er in soad oan natuer. "De fûgels ha it goed dien en der binne 188 ferskillende plantesoarten op it lân fûn. Ik soe net witte hoe't dit better kin."
Ferslachjouwer Johanna Brinkman by boer Wytse Brandsma
09:26

Boeren ûnderweis

Boeren ûnderweis
08:33

Harmen Dijkstra út Himmelum docht net mei oan de aksje

Harmen Dijkstra út Himmelum docht net mei oan de aksje. Syn sûnt 2016 biologyske bedriuw sit flakby in Natura 2000-gebiet.
Tsientallen trekkers rieden by him moarns betiid troch de strjitte. "It brânt my wol yn dat ik net mei kin, mar we moatte hjoed kuile. It wurk lit it gewoan net ta."
Hy hat wol soargen. "De stikstofkaart kaam ferline wike út de loft fallen en dêr stiet ús gebiet fûgelhoeke ek op en de Fluezen. No mei dat kaartsje blykt dat ynienen stikstofgefoelich te wêzen en dan wurdt der samar in buffersône omhinne lein fan in kilometer mei 70 prosint reduksje. As dy plannen trochgean, kinne we wol ophâlde." Hy hat no 130 kij. "Ek al soe it 45 prosint wêze, dan kinne we noch wol ophâlde. Ik wie boas en fertrietlik tagelyk doe't we de kaart seagen. We ha jonge bern en watfoar takomst ha dy?"
Ferslachjouwer Johanna Brinkman by boer Harmen Dijkstra
08:08

Boeren ride provinsje út

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort wie om 8.00 oere Bant yn Flevolân, krekt oer de Fryske grins, dêr't de boeren op wei gean nei Stroe yn Gelderlân. Hy seach in soad jongeren op de trekkers, wylst heit thús oan it melken is. In pear reaksjes.
Feehâlder Ype Reinsma fynt it stikstofplan net earlik. "It kloppet net en moat werom nei tekentafel." Hy hat 115 kij en buorket by Boalsert yn in gebiet dat lichtkleure is op de stikstofreduksjekaart. "Mar ek al moast ik wol redusearje, earlikheid komt earst."
Wilco Bron hat in leanbedriuw en wol tsjingas jaan tsjin de maatregels. "De plannen zijn verre van reëel, ze moeten meer kijken naar andere sectoren."
Boeresoan Feike Stellingwerf is ek ûntefreden oer it belied. Se ha 160 kij en sitte flakby de Fluezen. "Dan kinne we wol ophâlde as der 75 prosint fan ôf giet."
Bestjoerders dy't yn de file stienen, hienen oer it generaal wol begryp dat se in skoftsje wachtsje moasten.
08:00

Rijkswaterstaat: stel reis út om drokte troch boereprotest

Rijkswaterstaat riedt minsken dy't de dyk op moatte oan om de reis út te stellen. Dat jildt benammen foar it midden fan it lân om't trekkers op de sneldiken ride. "We verwachten nu dat het zeker in het midden van het land nu snel gaat vollopen."
07:37

Boeren sammelje har op De Lemmer

07:28

Ferkearsdrokte nimt ta by Wolvegea

© Google
07:15

Amelanner melkfeehâlders oer stikstofplan: "Niet gekeken naar situatie op eiland"

"Lachwekkend, maar ook ongeloof toen ik er langer over nadacht", seit melkfeehâlder Johan de Jong fan It Amelân op de plannen fan stikstofminister Van der Wal.
06:44

Trekkers op 'e A7

Trekkers op 'e A7
06:32

Ferkearsdrokte om 6:30

© Google
Op It Hearrenfean rydt it ferkear wat stadiger as gewoanwei. Dit is ek ien fan de plakken der't de boeren har sammelje foar de aksje.
06:15

Sammelpunt op De Jouwer

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort wie moarns betiid op De Jouwer dêr't de boeren om 6.15 oere sammelje. Mei de boeren dy't by It Hearrenfean sammelje ride se troch nei De Lemmer en gean dan de dyk op rjochting Bant yn de polder en dan op nei Stroe yn Gelderlân.
Gerben Homsma (21) is op De Jouwer. "Ik doch mei om lûd te jaan. Der wurdt ús ûnrjocht oandien. It stikstofprobleem kinst net sa iensidich oplosse. Sjoch ek nei oare oplossingen lykas ynnovaasjes. Wy wolle ek wol bydrage, mar net allinne. It stikstofprobleem is fan elkenien, de oplossing moat net fan boeren allinne komme, mar ek fan oare sektoaren."
Willem Vermeltfoort op De Jouwer
06:10

Wêr wurdt demonstrearre?

Trekkers op wei nei boereprotest © CAMJO Media
De grutte lanlike aksje hat as eindoel Stroe, in doarp yn Gelderlân. Aksjegroep Farmers Defence Force hat boeren frege om dêr mei trekkers nei ta te kommen. Ek Agractie en LTO Nederlân binne belutsen by de aksje.
Yn Fryslân sil in demonstraasje wêze op de sneldyk A7. Tusken Drachten en It Hearrenfean wolle de boeren mei harren trekkers stadich ride. Ek op ferskate oare plakken yn de provinsje wurde boeren mei trekkers ferwachte, mar wêr presys is noch net bekend.
06:05

Wêrom protestearje de boeren en wat wolle se berikke?

It kabinet hat earder dizze moanne bekend makke dat de stikstofútstjit yn Nederlân drastysk werombrocht wurde moat. In grut part fan dy útstjit wurdt taskreaun oan de lânbou. Yn in grut part fan Fryslân moat de útstjit fan stikstof mei 47 oant 95 persint redusearre wurde. In grut part fan de boeren soe dêrom harren bedriuwsfiering omsmite moatte, of sels hielendal ophâlde moatte.
De aksjefierders hoopje dat minister Christianne van der Wal har stikstofplan ynlûkt, of op syn minst oanpast. Dêrneist hoopje se dat de provinsjes, dy't it kabinetsplan úteinlik útfiere moatte, net meigean sille yn it plan en harren eigen paad kieze.
06:00

Wolkom!

Yn dit liveblog dogge we ferslach fan de boereprotesten.