Liveblog
|
22 juny 2022
Lanlike aksjedei fan boeren tsjin de stikstofplannen: sjoch hjir werom op it boereprotest
Boeren yn it hiele lân holden hjoed protestaksjes tsjin de nije stikstofmaatregels fan it kabinet. Ek guon Fryske boeren dienen dêroan mei.
- Tal fan boeren rieden stadich op A7 tusken Drachten en It Hearrenfean en oarsom
- De plysje hat gjin boetes útdield op de A7
- Der wienen ek Fryske boeren yn Stroe
Lêst bywurke: 22 juny 2022, 21:49 oere
21:32
Ein fan dit liveblog
We slute dit blog. Folgje ús webside en app om op de hichte te bliuwen fan it lêste nijs oangeande de stikstofoanpak en de konsekwinsjes dêrfan.
19:20
'Boeren dy't regels oertrêden, kinne dochs boete krije'
Boeren dy't de regels oertrêden hawwe by de aksjedei tsjin it stikstofbelied fan it kabinet, komme der net samar foar wei. Dat seit Dilan Yesilgöz, minister fan Justysje.
"Er zijn veel boeren geweest die zich aan de regels en afspraken hebben gehouden en toch hun geluid hebben laten horen. Veel boeren hebben er misbruik van gemaakt. Waarschijnlijk denken zij dat ze er mee wegkomen. Ik hoop dat we in een land leven waar dat niet zo is", seit se.
Earder sei de plysje tsjin Omrop Fryslân dat it gjin boetes útdield hat oan boeren dy't de plysjeblokkades op de A7 negearren. Ek de spûkriders op dyselde dyk waarden net bestraft. De minister sil útsykje oft boeren efterôf dochs noch bestraft wurde kinne, eventueel mei it brûken fan kamerabylden.
17:40
Steane minsken noch efter de boeren?
It is net de earste kear dat de boeren aksjefiere. Se hawwe al faker mei trekkers op in paad west om te protestearjen tsjin it oerheidsbelied oangeande de agraryske sektor. Mar is der noch draachflak foar de protestaksjes? Omrop LEO Middelsé socht it út.
Steane minsken noch efter de boeren?
16:55
Sneldyk A6 yn beide rjochtingen blokkearre
Boeren hawwe de sneldyk A6 by Emmeloord yn beide rjochtingen blokkearre mei trekkers. Ferkear fan en nei Fryslân moat rekken hâlde mei ophâld. Dat lit Rykswettersteat witte. In wurdfierder slút net út dat der op mear plakken sokke aksjes komme sille.

16:49
Fryske boerinne: "Wy moatte it mei syn allen dwaan"
Ien fan de Fryske aksjefierders yn Stroe is Tsjitske Dijkstra fan Raard. Neffens har is der gjin goeie ûnderbouwing foar de stikstofplannen fan it kabinet.
Neffens har bliuwe de boeren aksjefieren oant de stikstofplannen fan tafel binne. "Wy moatte it mei syn allen dwaan. As se de boeren fuortjeie, is it hiele griene gebiet fuort."
Tsjitske Dijkstra fan Raard
16:33
Programma yn Stroe ôfrûn
It offisjele programma fan it protest tsjin de stikstof- en natuerplannen fan it kabinet yn Stroe is ôfrûn. De earste aksjefierders binne op in paad nei hûs. Rykswettersteat warskôget dat it wolris in swiere jûnsspits wurde kin. It protest is goed ferrûn. Troch de waarmte moasten der wol in protte minsken nei in EHBO-post, stelt ferslachjouwer Auke Zeldenrust.
Der wienen in soad sprekkers, wêrûnder in oantal politisy. Neffens Zeldenrust krige Caroline van der Plas fan BBB de grutste reaksje fan it publyk.
15:38
Gjin boetes útdield op A7
De plysje stelt dat it gjin boetes útdield hat oan boeren dy't de plysjeblokkades op de A7 negearren. Ek de spûkriders op dyselde dyk binne net bestraft.