Woansdei 29 oktober geane we wer nei de stimbus foar de Twadde Keamerferkiezingen. Omrop Fryslân folget de wichtichste tema’s.
Oant de ferkiezingen djipje wy tema’s fierder út dy't keazen binne troch it publyk sels. Ek hâlde we de kampanje en it aktuele, politike nijs by.
Op de ferkiezingsdei bist der live by mei ús blog op Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Us ferslachjouwers sille op 'en paad foar de earste reaksjes. Hokker Friezen komme de Keamer yn? Hoe is yn dyn gemeente stimd? En hoe docht de FNP it?
De deis dêrnei bringe wy reaksjes en útslaggen, mei Fryslân fan ’e moarn fan 6.00 oere ôf live op telefyzje. Dêryn hearst de earste, Fryske reaksjes, tsjutting en alle eftergrûnen.
Witst noch net watst stimme silst? Folje hjir it Frysk Kieskompas mei in Frysk tintsje yn.