It Simmerpetear mei Peter Tuinman

Yn 'it Simmerpetear' gean we yn petear mei in bekende Fries oer syn of har libben. It petear fynt plak op in lokaasje dêr't in werinnering leit. Yn dit Simmerpetear moetet ferslachjouwer Klazina Hofstee akteur Peter Tuinman, bekend fan films as De dream en telefyzjesearjes as Bureau Kruislaan, Unit 13 en Dankert en Dankert. We geane werom nei Oerterp, it plak dêr't Tuinman opgroeide en prate oer syn jeugd, syn jeugddream om topsporter te wurden, syn wurk as akteur en it libben..

Afleveringen

It Simmerpetear mei Klasina Seinstra

It Simmerpetear mei Klasina Seinstra

Klasina Seinstra kaam op 4 jannewaris 1997 as earste frou oer de streek op de Bonkefeart. Se is de winneres fan de 15e Alvestêdetocht en dy dei hat har libben foar altyd feroare. It is alwer 28 jier ferlyn mar noch altyd fielt se de emoasje fan dat momint. Klazina Hofstee praat mei Klasina Seinstra yn it Simmerpetear. Se prate ôf by in sleat yn Lúkswâld, dêr't de lytse 'Sientje' har earste streken op it iis sette..

Jonkhear Tjalling van Eysinga yn it Simmerpetear

Jonkhear Tjalling van Eysinga yn it Simmerpetear

Miskien kin jo wol sizze dat Jonkhear Tjalling van Eysinga grutbrocht is mei in gouden leppel, mar yn syn libben hat er ek geregeld yn de wyn opsile moatten... Hy fertelt syn ferhaal yn It Simmerpetear fan Buro de Vries.

Sjongeres, Aktrise en musicalstjer Inez Timmer yn it simmerpetear

Sjongeres, Aktrise en musicalstjer Inez Timmer yn it simmerpetear

Fryslân learde har kennen as sjongeres fan de folkband 'Irolt': Inez Timmer, opgroeid yn Bûtenpost. Se wie dosinte, mar net gelokkich yn dy funksje en op 30-jierrige leeftiid skreau se har yn foar it Konservatoarium. Dêrnei lei se har ta op musicals en spile se foaral yn Dútslân en Eastenryk yn grutte produksjes. Se fersoarge ek optredens op cruiseskippen en learde sa har hjoeddeistige man Peter kennen. Begjin 2000 luts Fryslân wer en se kocht úteinlik in hûs yn Weidum. Dêr wennet se, soms mei en soms sûnder Peter mei in hiel soad nocht. Se wurket noch altiid: yn eigen produksjes en sa no en dan spilet se noch yn musicals..

It Simmerpetear mei Peter Tuinman

It Simmerpetear mei Peter Tuinman

Yn 'it Simmerpetear' gean we yn petear mei in bekende Fries oer syn of har libben. It petear fynt plak op in lokaasje dêr't in werinnering leit. Yn dit Simmerpetear moetet ferslachjouwer Klazina Hofstee akteur Peter Tuinman, bekend fan films as De dream en telefyzjesearjes as Bureau Kruislaan, Unit 13 en Dankert en Dankert. We geane werom nei Oerterp, it plak dêr't Tuinman opgroeide en prate oer syn jeugd, syn jeugddream om topsporter te wurden, syn wurk as akteur en it libben..

Simmerpetear mei Tamara Schoppert

Simmerpetear mei Tamara Schoppert

Fan boartsjen yn de bosken by Wynjewâld rekke Tamara Schoppert úteinlik nei spyljen op de planken. Schoppert is in 'alleskinner' yn de teäterwrâld. Schoppert is ien fan de bekende akteurs yn Fryslân. Spile ferskate rollen en regissearret ek teäterstikken. We treffe Tamara op ien fan har favorite plakken. By de Freulefiver yn de bosken by it doarp. "Dit is it plak dêr't ik begûn te wurden wa't ik wie." In petear mei de aktrise en regisseur op teater, keunst en kultuur en de mienskip..

It simmerpetear mei boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach

It simmerpetear mei boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach

Boargemaster Ineke van Gent (68) is dizze kear te gast yn it Simmerpetear. Yn april makke sy bekend dat se op 1 jannewaris 2026 ophâlde sil as boargemaster. Sy hat dan 8 jier wurke op it lytste waadeilân. In grut kontrast mei har wurk yn it sintrum fan de macht yn Den Haag, dêr't se hast 15 jier yn de Twadde Keamer siet, foar Groen Links. Van Gent waard berne yn Arnhem, mar troch it wurk fan har heit moast se faak ferhûzje. Sa wenne se ek in skoftsje yn Dútslân. Har heit wie beropsmilitêr, sy slute har al jong oan by de pasifistyske PSP, ta argewaasje fan har heit. Tagelyk wie hy grutsk op syn dochter, op har politike karjêre. Jan Dirk de Haan reizige ôf nei Skiermûntseach en prate mei Van Gent oer har libben. Oer de hichtepunten, mar oer fertrietlike mominten, bygelyks doe't har mem al jong ferstoar en oer it feit dat se sels nea mem wurden is.

It Simmerpetear mei Arjen Mintjes, âld-direkteur fan de Maritieme Academie

It Simmerpetear mei Arjen Mintjes, âld-direkteur fan de Maritieme Academie

Yn 'it Simmerpetear' gean we yn petear mei in bekende Fries oer syn of har libben. Yn dit Simmerpetear moetet ferslachjouwer Klazina Hofstee direkteur fan de Maritieme Academie, Arjen Mintjes. Hy is hast mei pensjoen en we strune noch ien kear troch de academie en prate oer Mintjes syn jeugd yn Dútslân flakby it 'IJzeren Gordijn', oer syn wurk, miste kânsen en it ferstjerren fan syn heit op jonge leeftiid.

It Simmerpetear mei Tineke Schokker

It Simmerpetear mei Tineke Schokker

Yn 'It Simmerpetear' gean we yn petear mei in bekende Fries oer syn of har libben. It petear fynt plak op in lokaasje dêr't in werinnering leit. Yn dit Simmerpetear moetet ferslachjouwer René Koster de politika/bestjoerder Tineke Schokker yn it Zamenhofpark yn Ljouwert. Schokker (CDA) is no waarnimmend boargemaster fan Tytsjerkstradiel en wie dat -nei 't se earder steatelid en deputearre wie- ek op Flylân.

Kommunist Rinze Visser yn it simmepetear

Kommunist Rinze Visser yn it simmepetear

Yn it simmerpetear gean we yn petear mei in bekende Fries oer syn of har libben. Dizze ôflevering Kommunist en riedslid Rinze Visser. Hy leaut noch altyd yn it kommunisme en sosjalisme. Rinze Visser (86) fan De Lemmer is kommunist yn ieren en sinnen. Al doe't er jong wie hong er de kommunistyske lear oan en sit al 55 jier yn de gemeenteried fan earder Lemsterlân en no de Fryske Marren. "De kommunistyske jas wie ien dy't my paste", seit Visser dêr sels oer. Hoe't de wrâld der op dit stuit hinne leit noasket him hielendal net, fertelt hy oan de keukentafel fan it beskieden hûs dêr't er mei frou Lenie wennet.

It Simmerpetear mei troubadoer Gurbe Douwstra

It Simmerpetear mei troubadoer Gurbe Douwstra

Yn 'it Simmerpetear' gean we yn petear mei in bekende Fries oer syn of har libben. It petear fynt plak op in lokaasje dêr't in werinnering leit. Yn dit Simmerpetear moetet ferslachjouwer Geartsje de Vries troubadoer Gurbe Douwstra yn Noordpolderzijl, in gehucht yn Grinslân. Gurbe Douwstra is net allinne ferneamd as sjonger, hy is ek bekend fanwegen syn wurk by earst Radio en letter Omrop Fryslân. Syn karakteristike lûd klonk hast alle dagen op de radio, oant er mei pensjoen gie.