#4: Boeren en natuer

Nico Minnema advisearret boeren oer hoe om te skeakeljen nei in foarm fan regenerative lânbou. Meinte Engelmoer wie ekolooch by de provinsje. Hy hat in hiel soad ferstân fan it lânskip. In petear oer it spanningsfjild buorkjen en natuer. Hoe stiet de natuer derfoar? In tipke fan de sluier: se binne wol aardich optimistysk."

Afleveringen

#4: Boeren en natuer

#4: Boeren en natuer

Nico Minnema advisearret boeren oer hoe om te skeakeljen nei in foarm fan regenerative lânbou. Meinte Engelmoer wie ekolooch by de provinsje. Hy hat in hiel soad ferstân fan it lânskip. In petear oer it spanningsfjild buorkjen en natuer. Hoe stiet de natuer derfoar? In tipke fan de sluier: se binne wol aardich optimistysk."

#3: Biologysk of net

#3: Biologysk of net

Wêrom kiest in boer foar biologysk buorkjen en wêrom net? Jan Woudstra hat in biologysk melkfeebedriuw by Menaam en siket altyd nei in goede balâns tusken ekology en ekonomy. Hy makke de oerstap fan gongber nei biologysk, omdat hy seach hoefolle skea gongbere lânbou oan de boaiem die. Martin Brandsma hat in pleats by Skerpenseel. Hy buorket op de gebrûklike wize, mar sjocht wol dat tiden feroarje en dat saken oars oanpakt wurde moatte. Beide boeren sizze dat it útkeapjen fan boeren foar natuerwerstel neat opsmyt en sels negatyf wurkje kin.

#2: Wêr is it mis gongen

#2: Wêr is it mis gongen

Yn ôflevering twa komt emearitus professor Jan Douwe van der Ploeg oan it wurd, earder fan de lânbou-universiteit fan Wageningen. Hy docht al tsientallen jierren ûndersyk nei ferskillende foarmen fan lânbou oer de hiele wrâld. Hy fertelt wat der, neffens him, ferkeard gien is yn ús lânbou en hoe't it oars kin. Hy is net altiten like optimistysk omdat er sjocht dat der frijwat wjerstân is.

#1: In sûne boaiem

#1: In sûne boaiem

Johannes Bakker en Theo Mulder binne de oprjochters van CO2L Farming, in stichting dy't besiket boeren op paad te helpen nei in duorsume wize fan buorkjen. It werstel fan de boaiem stiet dêrby sintraal. Bakker is soan fan in bouboer en nei in karriêre op see en as piloat is hy sûnt 2015 aktyf yn de lânbou. Theo Mulder is eigener fan in foeraazjebedriuw yn Kollumersweach. Al mear as tritich jier is hy dwaande mei in ferantwurde wize fan buorkjen en foaral mei it behâld fan de boaiem en in sûne natuer. Mulder: 'De boer is de dokter fan 'e takomst'. Oars sein as de boer sûn iten leveret soarget dat ek foar sûne minsken en minder dokterskosten. Hoe sjogge sy nei de omslach dy't yn de lânbou makke wurde moat.