Liveblog | 13 desimber 2021

Coronanijs 13 desimber: Ferlinging jûnslockdown | Mooglik earder krystfakânsje

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 13 desimber 2021, 22:28
22:26

Oant moarn!

Oant sa fier it liveblog fan moandei 13 desimber. Tank foar it folgjen, moarn is der wer in nij liveblog.
20:22

Ferlinging jûnslockdown soarget foar omsetferlies yn hoareka

Skuldhelpferlieners krije it hieltyd drokker, no't hieltyd mear bedriuwen de rekkens net mear betelje kinne. It hat benammen te krijen mei it feit dat de stipepakketten fan de oerheid ôfboud binne en doarwaarders ek wer oan der slach binne. In soad hoarekaûndernimmers ha it ek dreech. Om't se oerdeis iepen binne krije se minder stipe. En it wurdt der net makliker op no't de jûnslockdown ferlinge wurdt.
Marco Poldertvaart fan 't Havenmantsje yn Harns ferwachte in ferlinging fan de jûnslockdown al:
19:28

Bern mooglik dochs earder mei krystfakânsje

It liket derop dat basisskoallen dochs in wike earder mei krystfakânsje sille, sizze Haachske boarnen. Sûnder maatregels soe de krystfakânsje op 24 desimber begjinne.
De eangst is dat basisskoalbern dan gau dêrnei famyljeleden besmette kinne by krystbesite. As it kabinet de fakânsje nei foaren hellet, ha skoalgeande bern in wike foar de krystdagen minder kontakt mei-inoar en is de kâns op besmetting lytser.
It demissionaire kabinet hat ek noed oer de besmetlikere omikron-fariant fan it coronafirus. It nei foaren heljen fan de krystfakânsje waard earder al ferskate kearen advisearre troch it Outbreak Management Team (OMT).
17:04

Supermerken wolle langer iepen bliuwe fanwegen de krystdagen

Supermerken freegje it demisjonêre kabinet oft se nei 20.00 oere jûns iepen bliuwe kinne no't de krystdagen foar de doar steane. "We zien er flink de noodzaak toe vanwege de spreiding van klanten", seit in wurdfierder fan koepel Centraal Bureau Levensmiddelenhandel.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Troch de feestdagen is it yn desimber altiten drokker yn de supermerken. "De kerstvakantie begint pas na kerst. Veel mensen werken nog tot de vrijdag voor kerst, omdat kerst in het weekend valt", seit de wurdfierder. "Dat zorgt voor de noodzaak om winkels langer open te laten blijven. We blijven erop hameren."

Kabinet wol jûnslockdown ferlingje

Yn it wykein lekte út dat it kabinet fan plan is de jûnslockdown oan te hâlden. Dat betsjut dat net-essinsjele winkels om 17.00 oere de doarren ticht dwaan moatte en dat essinsjele winkels om 20.00 oere slute.
16:52

Gemeente Skylge stjoert ynwenners boppe de 50 in útnûging foar de boosterprik

16:25

CNV wol sa gau as mooglik in boosterprik foar ûnderwiispersoniel

Minsken dy't yn it ûnderwiis wurkje moatte sa gau as mooglik in boosterprik krije kinne, fynt fakbûn CNV. "Voor ouder personeel en voor mensen met een medische indicatie is de laatste prik inmiddels al langer dan zes maanden geleden, en neemt de bescherming af", seit it bûn.
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Foar de feiligens fan it personiel en foar de kontinuïteit fan it ûnderwiis is de boosterprik wichtich, seit CNV. Minsken yn it ûnderwiis rinne mear risiko's op besmetting. "Ze staan in de vuurlinie zonder optimale bescherming".

Oare folchoarder

Freed sei demisjonêr minister Hugo de Jonge fan Folkssûnens dat it kabinet der oer neitinkt om de folchoarder fan de faksinaasje te feroarjen. No wurde minsken noch útnûge foar in prik op basis fan har bertejier.