Wekker

De film Wekker giet oer de buorlju Gjaltema en syn blaffende Mechelse herder dy't njonken Dieuwke en Johan komme te wenjen. De konstante lûdsoerlêst fersteurt Dieuwke har sliep. Se besiket sels yn te gripen, mar troch har slieptekoart wurdt har tinken troebel en de situaasje hieltyd wanhopiger.