NNO konsert
Weromsjen

NNO konsert

13 novimber 19:30 - 20:45

Maestro Hartmut Haenchen is fan dit seizoen ôf fêste gastdirigint by it NNO. Live registraasje fan 10 novimber 2022.

NNO konsert

18 april 18:15 - 19:00 Dit NNO Konsert is in werhelling fan febrewaris 2022: Trije grutte nammen yn ien konsert: Eivind Gullberg dirigearret it Noord Nederlands Orkest yn wurken fan Boulanger, Ravel en Dvořák. Yn 'Pianoconcert in G' fan Ravel solearret de Nederlânske pianist Thomas Beijer. It konsert hat plak yn de Oosterpoort yn Grins. Boulanger Lile Boulanger ferstoarn op har fjouwerentweintichste oan tuberkuloaze en dêrmei ferlern de Frânske muzyk in grutte belofte. Yn dit diel fan it konsert klinke twa karakteristike wurken: sfearfolle, dreamerige muzyk, sa't dy allinnich yn Parys om it jier 1900 hinne skreaun waard. Ravel In hiel oar soarte 'Parys' hearst yn 'Pianoconcert in G' fan Ravel. Dat is typyske muzyk fan de jierren '20, mei in flinke skeut jazz. It giet hjir om in typysk Ravel-stik: boartlik en kleure troch solo's út alle hoeken fan it orkest. Dvořák Amerikaanske ynfloeden wiene al in hiele iuw earder te hearren, yn 'Negende Symfonie' fan Dvořák. Dizze Tjechyske komponist wie nei New York ferhuze, dêr't er him ynspirearje liet troch Amerikaanske folksmuzyk, én troch de enoarme ûnwennigens nei syn heitelân.

NNO konsert

18 april 10:00 - 12:00 It Noord Nederlands Orkest (NNO) is it meast alsidige orkest fan Nederlân. De programmearring is ferrassend, eigensinnich en breed. It NNO lit graach 'nije earen' yn de kunde komme mei symfoanyske muzyk en wol sa - as Nederlânsk âldste profesjonele symfonyorkest - in iuwenâlde tradysje libben hâlde. It orkest bestiet út sa'n 75 fêste orkestleden fan ferskillende nasjonaliteiten. De ôfrûne jierren binne der in soad jonge talinten by kommen. It NNO konsert fan tongersdei 7 april mei de Matthäus Passion út De Lawei yn Drachten is op telefyzje te sjen op Peaskemoandei 18 april om 10.00 oere.

NNO konsert

20 febrewaris 21:00 - 22:00 Trije grutte nammen yn ien konsert: Eivind Gullberg dirigearret it Noord Nederlands Orkest yn wurken fan Boulanger, Ravel en Dvořák. Yn 'Pianoconcert in G' fan Ravel solearret de Nederlânske pianist Thomas Beijer. It konsert hat plak yn de Oosterpoort yn Grins. Boulanger Lile Boulanger ferstoarn op har fjouwerentweintichste oan tuberkuloaze en dêrmei ferlern de Frânske muzyk in grutte belofte. Yn dit diel fan it konsert klinke twa karakteristike wurken: sfearfolle, dreamerige muzyk, sa't dy allinnich yn Parys om it jier 1900 hinne skreaun waard. Ravel In hiel oar soarte 'Parys' hearst yn 'Pianoconcert in G' fan Ravel. Dat is typyske muzyk fan de jierren '20, mei in flinke skeut jazz. It giet hjir om in typysk Ravel-stik: boartlik en kleure troch solo's út alle hoeken fan it orkest. Dvořák Amerikaanske ynfloeden wiene al in hiele iuw earder te hearren, yn 'Negende Symfonie' fan Dvořák. Dizze Tjechyske komponist wie nei New York ferhuze, dêr't er him ynspirearje liet troch Amerikaanske folksmuzyk, én troch de enoarme ûnwennigens nei syn heitelân.

NNO konsert

5 jannewaris 20:15 - 21:30 Begjin jannewaris is it momint om de soares fan it ôfrûne jier definityf fan dy ôf te setten. Dûnsje mei it fleurige, fariearre Nijjierskonsert fan it Noord Nederlands Orkest mei, dirigearre troch Pavel Baleff! Der stiet in prachtich programma te wachtsjen mei wurken fan ûnder oaren Wagner, Adam, Dvorák, Lehár, Johann Strauss en Kálmán. De sopraan yn dit nijjierskonsert is Anna Gabler. Hjir fynst mear ynformaasje oer dirigint Pavel Baleff en sopraan Anna Gabler.