Liveblog | Vandaag • 1 novimber

Tim Prins op in hûndertste nei de wrâldbekers | Darter Van der Wal pleatst foar de Lakeside

Hjir fynst in oersjoch fan it Fryske sportnijs. Wolst in melding krije by in nij berjocht? Klik dan op it beltsje boppe-oan dit bloch.

Lêst bywurke: Hjoed, 19:06
Hjoed
19:06

Darter Jitse van der Wal pleatst foar de Lakeside

Darter Jitse van der Wal
© Jonas Hunold, PDC Europe
Jitse van der Wal hat him fan 'e middei pleatst foar it Lakeside World Championship, it offisjeuze wrâldkampioenskip fan de World Darts Federation (WDF). Hy sil ein novimber syn debút meitsje op de Lakeside, yn it ferline ek wol bekend as de Embassy.
De darter út Dokkum wûn hjoed yn Ingelân it jierlikse kwalifikaasjetoernoai foar de Lakeside. Yn de finale gunde hy syn tsjinstanner Kevin Cottiss gjin inkelde leg (6-0).

Fjirde Fries ea

Van der Wal is nei darters as Rick Hofstra (Snits), Danny Noppert (De Jouwer) en Jarno Bottenberg (Drachten) de fjirde Fries dy't him ea pleatst hat foar it toernoai, dat yn it Ingelske Frimley Green spile wurdt.
De WDF is tsjintwurdich it minder bekende dartbûn. De measte profdarters spylje foar de PDC, mei nammen as wrâldkampioen Luke Littler, Michael van Gerwen en Danny Noppert. Van der Wal spile ferline jier ek noch foar de PDC, mar ferlear ôfrûne jannewaris syn Tour Card.
18:44

PSV yn eigen hûs te sterk foar froulju sc Hearrenfean

De froulju fan sc Hearrenfean ha fan 'e jûn gjin stunt delsette kinnen op besite by PSV. Yn Eindhoven waard it úteinlik 5-2 yn it foardiel fan de nûmer trije fan de earedivyzje.
De Feansters kamen binnen in healoere wol op foarsprong troch in doelpunt fan Hester Algra. Krekt foar de ein fan de earste helte makke PSV lyk.
De thúsploech rûn nei it skoft út nei 3-1. Veerle van Spijk joech Hearrenfean noch efkes hoop (3-2), mar dêrnei makke PSV dien wurk.
17:33

Marijke Groenewoud wint fernijde massastart

Marijke Groenewoud foar de massastart
© Dijks Media
Marijke Groenewoud is earste wurden op de nije massastart, tsjintwurdich de ôffalrace. By it fernijde ûnderdiel falle elke twa ronden de lêste twa riders ôf.
Groenewoud en har ploechgenoat Schilder rûnen tegearre út en striden om it earste plak. Groenewoud pakte úteinlik dus de winst.
Foar Groenewoud is it oant no ta in perfekt wykein: se helle al trije startbewizen binnen foar de wrâldbekers en wint no dus ek noch de ôffalrace.
Om 18.20 oere rydt de Grouster ek noch de ploege-efterfolging.
16:54

Tim Prins op in hûndertste fan in sekonde nei wrâldbekers op 1000 meter

Tim Prins yn aksje
© Dijks Media
Tim Prins hat him mei in ferskil fan in hûndertste fan in sekonde kwalifisearre foar de wrâldbekers op de 1000 meter. Mei in tiid fan 1.08,72 waard hy fan 'e middei fiifde, krekt foar Kjeld Nuis.
De fiif bêste riders kwalifisearje harren foar it ynternasjonale toernoai.
Foar de Jouster is it syn twadde ticket foar de wrâldbekers, ek op de 1500 meter komt hy yn aksje.
16:30

Marrit Fledderus hellet op 'e falreep startbewiis wrâldbeker

Marrit Fledderus
© Dijks Media
Marrit Fledderus is der niiskrekt yn slagge in ticket foar de wrâldbekerwedstriden binnen te heljen. Op it kwalifikaasjetoernoai waard de Sint Nykster op de 1.000 meter fyfde mei 1.15,31. De bêste nûmers fiif meie nei de ynternasjonale wedstriden, dy't kommende moannen riden wurde.
Foar Fledderus is dat in opstekker, want se slagge der earder op de 500 meter net yn om in ticket binnen te heljen.

Femke Kok

Femke Kok is op de 1.000 meter de nûmer twa op 'e list. Sy komt op de wrâldbekers op twa ôfstannen yn aksje. Earder dit wykein wûn sy de 500 meter.
15:25

Marijke Groenewoud pakt op fiif kilometer tredde ticket foar wrâldbeker

Marijke Groenewoud pakt har tredde wrâldbekerticket
© Dijks Media
Marijke Groenewoud kwalifisearret har op de fiif kilometer foar de wrâldbekers. Dat binne ynternasjonale toernoaien dy't de kommende moannen riden wurde.
Groenewoud wie niiskrekt mei in tiid fan 6.46,17 de rapste. De Grouster pakt dêrmei al har tredde ticket: ek op de 1500 meter en de trije kilometer mei sy ride.
Letter op 'e middei folget de massastart noch, it ûnderdiel dêr't Groenewoud goud op helle op de Olympyske Spelen.