Liveblog
|
21 maaie
Lês werom: sc Hearrenfean beëiniget seizoen yn heale finale play-offs nei ferlies tsjin FC Utrecht (3-2)
De heale finale fan de play-offs einige yn in desepsje foar sc Hearrenfean. De Friezen ferlearen mei 3-2 fan FC Utrecht nei in doelpuntrike twadde helte en dêrmei is it seizoen foar Hearrenfean ôfrûn.
Lês hjir it blog oer de wedstriid werom.
Lêst bywurke: 21 maaie, 23:00
23:00
sc Hearrenfean hellet Europa net nei ferlies yn Utrecht
It seizoen fan sc Hearrenfean komt net fierder as de heale finale fan de play-offs. Mei 3-2 wie FC Utrecht yn eigen hûs te sterk foar de Friezen.
Yn de earste helte giene beide ploegen lykop. Oan beide kanten foelen in tal kânsen, mar it skoareboerd bleau 45 minuten letter op 0-0 stean.
FC Utrecht moast it fan de slotfaze fan de earste helte ôf sûnder Alonzo Engwanda dwaan, dy't mei in hamstringblessuere it fjild ferlitte moast op in brankaar.
Doelpunterein yn twadde helte
It fjoerwurk waard bewarre foar de twadde helte. Want fuortendaliks yn de earste minút fûn Artem Stepanov it doel.
Bernt Klaverboer kaam syn doel út om de bal te fangen, mar makke dêrby in flater en foel tsjin Sam Kersten oan. Stepanov profitearre dêrfan en skeat de bal it lege doel binnen.
Yn de 53e minút wist Dylan Vente it antwurd. Hy sette de tuskenstân op 1-1 troch de bal keunstich oer de ferdigener en keeper hinne te leppeljen.
Twa goals yn twa minuten
Mar twa minuten letter wie it alwer feest oan de oare kant. Mike van der Hoorn profitearre fan in corner, troch de bal hurd binnen te koppen by Klaverboer.
It wie noch net genôch foar Utrecht, want twa minuten dêrnei foel de tredde treffer. Souffian El Karouani skeat de bal it Fryske doel yn en sette syn ploech op in 3-1 foarsprong.
Yn de 76e minút wie Jacob Trenskow trefseker. Hy makke de 3-2 troch de bal út in frije traap wei binnen te sjitten. Al like de bal dêrnei fia in Utrechtse ferdigener binnen te rôljen.
Yn de lêste minuten wie Hearrenfean hurd op jacht nei de lykmakker, mar nei trije minuten blessueretiid wie de tiid foarby.
FC Utrecht hâldt sicht op de Conference League en spilet snein de finale tsjin Ajax yn Volendam. It seizoen fan sc Hearrenfean einiget yn de Galgenwaard.
22:56
90+3' It is dien!
sc Hearrenfean strânet yn de heale finale, want FC Utrecht wint mei 3-2 en spilet snein de finale tsjin Ajax.
22:53
90' Ekstra tiid
Der komme trije minuten ekstra by de twadde helte.
22:52
88' Lêste minuten
De lêste minuten fan de wedstriid binne oanbrutsen en de Friezen binne hurd op syk nei goals.
22:48
82' Kâns foar Trenskow
Jacob Trenskow besiket te skoaren nei in foarset fan Lasse Nordås, mar de bal giet njonken it doel del.
22:44
79' Wiksels by beide ploegen
Brouwers, Viergever en Blake
By Hearrenfean komt Luuk Brouwers deryn en giet Marcus Linday derôf.
By Utrecht geane Mike Eerdhuijzen en Jesper Karlsson derôf en komme Nick Viergever en Adrian Blake deryn.