Liveblog | 20 maaie

Under mear dowen en kavia's dea by grutte brân by SanjesZoo | Gjin treinen nei Starum

Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje. Wolst meldingen krije by in nij berjocht? Klik dan op it beltsje boppe-oan yn de app.

Lêst bywurke: 20 maaie, 17:47
17:47

Waarnimmend boargemaster Haga tankt brânwacht

Waarnimmend boargemaster Anja Haga tankt de brânwachtminsken, boeren en oare helpferlieners dy't holpen ha by de brân yn SanjesZoo yn Feanwâlden.
"Namens de gemeente wens ik iedereen die betrokken is bij Sanjes Safari sterkte toe", skriuwt se yn in berjocht op Facebook.
17:28

Gjin treinen tusken Ljouwert en Starum

Op it stuit ride gjin treinen tusken Ljouwert en Starum. Dat komt troch in seinsteuring.
Der binne dêrom bussen tusken Ljouwert, Mantgum, Snits-Noard en Snits ynset.
De ferwachting is dat de problemen om 19.00 oere wer oplost binne.
17:17

Boarterspark SanjesSafari tongersdei gewoan iepen

Nettsjinsteande de grutte brân by SanjesZoo, giet it boarterspark moarn 'gewoan' wer iepen. Dat meldt it bedriuw op harren Facebookside.
"Ondanks de grote brand van vandaag is het speelpark gelukkig ongedeerd gebleven en we hebben besloten om morgen gewoon weer open te gaan."
It bistepark is fansels net iepen. "Het dierenpark is door de brand tijdelijk niet toegankelijk. De dieren buiten zijn in veiligheid gebracht."
It bedriuw sprekt syn tank út foar de berjochten en stipe.
16:25

Sein 'brân master' jûn

De loads is ferlern gong
© BTBMedia
By de brân yn Feanwâlden is it sein 'brân master' jûn, meldt de brânwacht.
De brânwacht sil noch in skoft dwaande wêze mei it neiblussen.
16:03

Crowdfundingsaksje opset foar SanjesZoo

Foar it boarters- en bistepark SanjesZoo is in crowdfndingsaksje opset. Nei in healoere is sa'n 400 euro ophelle.
Neffens de inisjatyfnimmer moat it jild helpe om soarch en opfang foar de bisten te bekostigjen en de gebouwen te werstellen.
15:54

Frou (57) oanholden nei ûngelok by Aldtsjerk

Der wie net in soad skea by de oanriding
© Noordernieuws
De plysje hat woansdeitemiddei in 57-jierrige frou út de gemeente Dantumadiel oanholden.
Se ried yn in auto dy't belutsen wie by in ûngelok mei in buske oan de Marwei yn it doarp.
Der rekke gjinien ferwûne, mar de frou is oanholden op fertinking fan ride ûnder ynfloed.