Liveblog | 7 maaie

Fleantúch makket needlâning yn fjild by Muntsjesyl

Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje. Wolst meldingen krije by in nij berjocht? Klik dan op it beltsje boppe-oan yn de app.

Lêst bywurke: 7 maaie, 19:57
19:57

Fleantúch makket needlâning yn fjild by Muntsjesyl

It fleantúch moast in needlâning meitsje yn 'e greide by Muntsjesyl
© NoorderNieuws
In lyts fleantúch hat jûn in needlâning meitsje moatten yn in fjild oan de Willem van der Ploegweg by Muntsjesyl.
Om 19.05 oere hinne krige de plysje de melding binnen dat der in fleantúch yn de problemen wie. Trochdat de oaljedruk fuortfallen wie, foel de motor út.
It slagge de piloat om it fleantúch feilich oan de grûn te krijen. De twa ynsitters rekken net ferwûne.
12:50

Auto's botse by útrit pompstasjon op It Hearrenfean

De plysje tusken de belutsen auto's
© NoorderNieuws
By de útrit fan in tankstasjon oan de Haskerútgong op It Hearrenfean hat tongersdei in botsing west.
In auto en in buske klapten dêrby opinoar. De plysje is yntusken op it plak en der is ek in ambulânse oproppen.
Der is net bekend makke oft der ek ferwûnen binne. Wol dúdlik is dat de weinen aardich wat skea oprûn hawwe.
09:07

Bankje ôfbaarnd by Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean

Gemeente Hearrenfean sil it bankje fuorthelje
© BTBmedia
In bankje neist it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean is tongersdei yn flammen opgien.
Om 07.40 oere hinne waard de brânwacht oproppen foar in melding oan de Abe Lenstra Boulevard. Der wiene flinke reekwolken te sjen.
De brânwacht hie it fjoer al fluch út, mar fan it bankje is net folle mear oer.
Yntusken is dúdlik dat de oarsaak fan de brân by de gemeente leit: meiwurkers wiene dwaande mei it fuortbaarnen fan ûnkrûd. Dêrby gie it mis.
06:54

Fatbike en fyts botse op de Boargemaster Wuitewei yn Drachten

Konsternaasje op 'e dyk
© NoorderNieuws
Oan de Boargemaster Wuitewei yn Drachten botsten woansdei in fatbike en in fyts opinoar.
In bussjauffeur seach it ûngelok en hat earste help ferliend, yn ôfwachting fan de helptsjinsten.
De fytser rekke lichtferwûne, mar hoegde net mei nei it sikehûs. In ambulânse hat him thúsbrocht.
06:47

Konifearehage yn 'e brân yn Wytmarsum

De brânwacht op lokaasje
© BTBmedia
Oan de Menno Simonsstrjitte yn Wytmarsum fleach woansdei in konifearehage yn 'e brân.
Dêr kaam flink wat reek by frij. De brânwacht fan it doarp kaam fluch op lokaasje om it fjoer út te meitsjen.
Troch it rappe yngripen bleau de skea beheind. De hage is wol foar in grut part swartbrând.
06:45

Goeiemoarn

Wolkom yn it 112-livebloch fan hjoed. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Wolst meldingen krije by in nij berjocht? Klik dan op it beltsje boppe-oan yn de app.
It 112-nijs fan juster kinst hjirûnder weromlêze: