Liveblog | 22 maaie

Alex Bonnema en Anne Jochum de Vries formateurs yn Tytsjerksteradiel

Yn dit blog hâlde we jo op de hichte fan de lêste ûntwikkelingen oer it koälysjefoarmingsproses yn de Fryske gemeenten. Hjir fynst in kaart mei alle útslaggen fan de Fryske gemeenten.

Lêst bywurke: 22 maaie, 15:17
freed 22 maaie
15:17

Alex Bonnema en Anne Jochum de Vries formateurs yn Tytsjerksteradiel

It beslút waard naam yn de riedsgearkomste fan Tytsjerksteradiel
© Omrop Fryslân
De gemeenteried fan Tytsjerksteradiel hat Alex Bonnema en Anne Jochum de Vries oanwiisd as formateurs.
Dit beslút folge op de presintaasje fan it advys fan ynformateurs Stieneke van der Graaf en Arjen Droog en it dêropfolgjende debat yn de ried oer it ferfolch fan it formaasjeproses.
Bonnema en De Vries krije de opdracht om op basis fan it útbrochte advys in nij kolleezje fan boargemaster en wethâlders te foarmjen.
Yn it advys fan Van der Graaf en Droog jouwe sy as foarkarssenario in breed kolleezje besteande út CDA, FNP, VVD en PRO.
Alex Bonnema, foarsitter fan de ried fan bestjoer fan Caparis, en Anne Jochum de Vries, direkteur fan Sport Fryslân, sette no útein mei de formaasjepetearen om te kommen ta in nij kolleezje foar de gemeente Tytsjerksteradiel.
14:07

Nije koälysje Noardeast-Fryslân presintearret akkoart

It gemeentehûs
© Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
De nije koälysje fan Noardeast-Fryslân hat in akkoart presintearre. Dêryn presintearje CDA, S!N, ChristenUnie, Gemeentebelangen en de VVD harren plannen.
It stik hat as titel 'Samen bouwen aan een sterke toekomst' krigen.
Neffens de gemeente binne wichtige ûnderwerpen ûnder oare de tsjinstferliening, útfiering fan de Spriedingswet, de realisaasje fan in azc foar maksimaal tsien jier en in fûns foar doarpshuzen. Ek is der omtinken foar de berikberens en krapte op it stroomnet.
Op 28 maaie sil formateur Caroline de Pee ferslach dwaan fan it proses. Fiif dagen letter presintearje de kandidaat-wethâlders har oan de ried.
Dat binne Geertje Schoorstra-Boeijenga (CDA), Gerda Bos-Jonkman (VVD), Dikkie Alkema (S!N), Lysbeth Vellinga-Zeilstra (ChristenUnie) en Pieter Braaksma (Gemeentebelangen).
tongersdei 21 maaie
13:03

Waadhoeke is klear mei formaasje: SAM, Gemeentebelangen en CDA yn koälysje

It gemeentehûs fan Waadhoeke
© Google Street View
As earste gemeente fan Fryslân binne se der yn de gemeente Waadhoeke út. SAM, Gemeentebelangen en CDA foarmje dêr de nije koälysje.
Yn it nije kolleezje levert SAM twa wethâlders (Marja van der Meer en René de Vries). Gemeentebelangen (Adrie Weiland) en Marijn Kamerling (CDA) leverje beide ien wethâlder.
It koälysje-akkoart wurdt op tongersdei 4 juny presentearre en hat de titel 'Hjoed dwaan wat moarn freget' krigen.
tiisdei 19 maaie
17:27

Ald-deputearre Kielstra foardroegen as wethâlder op Skylge

Plaatselijk Belang Terschelling hat Klaas Kielstra foardroegen as nije wethâlder op Skylge. Hy moat de opfolger wurde fan Anco Goldhoorn, dy't fanwegen persoanlike omstannichheden ophâldt.
Kielstra wie earder foar de VVD deputearre en Steatelid.
De beneaming fan Kielstra en de folsleine nije koälysje steane op 3 juny op de aginda fan de gemeenteried.
09:30

Noch twa opsjes oer foar koälysje op It Amelân

De fjoertoer fan It Amelân yn Hollum
© Omrop Fryslân, Sian Wierda
Ferkenner Age Kramer sjocht noch twa realistyske opsjes foar in koälysje op Amelân. Dat meldt de Waddenomroep.
De iene opsje is in koälysje fan CDA, Algemeen Belang Ameland en de PvdA. De oare opsje is in koälysje fan AmelandEén, Algemeen Belang Ameland en PvdA.
Nei de gemeenteriedsferkiezingen waard earst besocht om ta in mienskiplik riedsprogramma te kommen. Dat mislearre lykwols fanwegen in gebrek oan fertrouwen.
It is no oan de partijen sels om it ferfolch fan de koälysjefoarming te bepalen.
sneon 16 maaie
11:00

Wielstra, Kempenaar, Bakker en Heeringa kandidaat-wethâlders yn Dantumadiel

De riedseal fan Dantumadiel
© RTV NOF, Ben de Jager
De nije koälysje fan de gemeente Dantumadiel hat sneon de kandidaten bekend makke dy't foardroegen wurde as wethâlder foar de kommende bestjoersperioade.
De foardracht bestiet út Kees Wielstra (44) fan Gemeentebelangen Dantumadiel, Rommy Kempenaar (40) fan Sociaal Links, Tom Bakker (62) fan de SGP en Tieme Heeringa (20) fan de FNP.
Wielstra en Kempenaar binne sûnt 2018 al wethâlder fan Dantumadiel. Bakker hat earder trije bestjoersperioades yn de ried fan de gemeente sitten.
Nijkommer Heeringa studearret Nederlânsk Rjocht en wol it wethâlderskip yn dieltiid kombinearje mei syn stúdzje. Mei syn 20 jier makket er kâns om de jongste wethâlder fan Nederlân te wurden.
De kandidaat-wethâlders wurde op 23 juny yn in riedsgearkomste yn it gemeentehûs fan Damwâld foardroegen oan de gemeenteried. Dêrnei kinne sy beneamd en ynstallearre wurde.