Liveblog | 21 oktober 2025

Meardere ferwûnen by ûngelok yn De Wylgen

Hjir fynst in oersjoch fan ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje. Wolst appmeldingen fan updates krije? Klik dan op it beltsje hjirboppe.

Lêst bywurke: 21 oktober 2025, 17:53
17:53

Meardere ferwûnen by ûngelok yn De Wylgen

De helptsjinsten by it ûngelok yn De Wylgen
© BTBmedia
Oan de Drachtster Heawei yn De Wylgen hat in iensidich ûngelok west. Dêrby binne meardere ynsitters fan de auto ferwûne rekke, meldt de plysje.
De helptsjinsten binne op it stuit noch dwaande mei de helpferliening. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.
16:57

A7 wer frijjûn

De A7 is yntusken wer frij. It ferkear rydt noch wol stadich, mar dat komt ek troch it wurk oan de dyk dêr.
16:26

A7 tusken De Jouwer en Snits ôfsletten fanwegen ûngelok

Der wurdt ek wurke oan de dyk
© Ricardo Veen / NoorderNieuws
De A7 tusken De Jouwer en Snits is op dit stuit folslein ôfsletten, neidat der in ûngelok gebeurd wie tusken in frachtwein en in auto by De Broek. De dyk is ticht tusken de ôfslach De Jouwer-West (23) en de Prinses Margriettunnel.
Op dit diel fan de A7 wurdt ek oan de dyk wurke, wêrtroch't der al minder romte wie.
File yn beide rjochtingen
Neffens Rykswettersteat stiet yn beide rjochtingen yntusken in file. Tusken It Hearrenfean en Snits-East giet it om 3,5 kilometer stilsteand ferkear, de fertraging is dêr hast in healoere. De oare rjochting is de file hast 3 kilometer.
15:43

Drugswenning sletten yn Ljouwert

In hûs oan de Dirk Boutsstraat yn Ljouwert is troch boargemaster Sybrand Buma foar seis moannen sluten, omdat fanút dêr hannele waard yn drugs.
Op 29 augustus fan dit jier hat de plysje in ynfal dien yn it hûs. De oanlieding dêrfoar wiene twa konflikten yn it ferkear fan earder op dy dei, wêrby't de bestjoerder fan in auto wat sjen liet dat op in fjoerwapen like. De plysje hold de bestjoerder letter steande op de A32. It fjoerwapen waard net oantroffen, mar wol in hannelshoemannichte harddrugs.
Dêrnei waard by de ynfal yn de wenning oan de Dirk Boutsstraat opnij in hannelshoemannichte harddrugs oantroffen.
Dit jier binne oant no ta 23 wenningen yn de gemeente Ljouwert sletten fanwegen drugshannel.
13:28

Brân ûnder kontrôle

De brân yn Haulerwyk is ûnder kontrôle. De brânwacht is noch oan it blussen, mar de flammen binne yntusken delbêde. Dat meldt de brânwacht.
It dak fan de bykeuken wurdt sloopt om te sjen oft dêr gjin brânkearnen mear yn sitte.
12:55

Utslaande brân yn Haulerwyk

In brânwachtauto rydt út (argyf)
© Kees van der Mark
De brânwacht is útriden foar in útslaande brân yn Haulerwyk. Foar de wenningbrân oan de Meester Jongebloedstraat is opskaald nei middelbrân.
Yn 'e wenning binne gjin minsken mear.