Liveblog | 4 july 2025

Man (67) dy't fermist waard yn Ljouwert is fûn

Hjir fynst in oersjoch fan ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje. Wolst appmeldingen fan updates krije? Klik dan op it beltsje hjirboppe.
Lêst bywurke: 4 july 2025, 21:55
21:55

Man (67) dy't fermist waard yn Ljouwert is fûn

De 67-jierrige man dy't sûnt fan 'e moarn fermist wie, is fûn. Dat meldt de plysje. Oer hoe en wêr't de man oantroffen is, sizze se neat.
De plysje tankt minsken dy't meiholpen hawwe by de syktocht.
16:56

Plysje siket fermiste man (67) yn Ljouwert

De plysje siket in 67-jierrige man yn Ljouwert dy freed om 11.00 oere fermist rekke is.
It giet om in man út Westerlee, dêr wie hy tongersdei al fermist rekke. Yn de nacht op freed waard er oantroffen yn it sikehûs fan Ljouwert.
Freedtemoarn is de man opnij fermist rekke. It is net dúdlik oft de man noch yn Ljouwert is of earne oars ferbliuwt. De man hat gjin telefoan by him en hat medisinen nedich.
15:21

Treinen tusken Ljouwert-Akkrum ride wer nei probleem mei defekte spoarbrêge

In trein fan NS
© Shutterstock.com
Troch in defekte spoarbrêge rieden der in skoft gjin treinen tusken Akkrum en Ljouwert. De NS ferwachte dat de steuring noch oant in oere as 17.00 duorje soe, mar om 16.30 oere wie de steuring wer oplost. De treinen ride dus wer.
06:42

Autoferkear kin jûn en fannacht net troch akwadukt Galamadammen

Autoferkear tusken Koudum en Balk moat kommende jûn en nacht rekken hâlde mei in omlieding. It akwadukt Galamadammen is tusken 19.00 oere jûns en 05.00 oere moarns ôfsletten. De ôfrûne tiid is wurke oan it akwadukt en no is der opromwurk.
Fytsers en kuierders kinne der wol gewoan troch, lykas bussen en de helptsjinsten.
06:14

Auto brânt út yn Ljouwert, plysje docht ûndersyk

De brânwacht hat it fjoer hast út
© CAMJO Media
Yn de Ljouwerter wyk Huzum is fan 'e moarn opnij in auto útbrând. Earder dizze wike barde dat ek al. Hjoed ûntdutsen buertbewenners fan de Van der Veldestrjitte de brân om in oere as fiif hinne.
De auto is bot skansearre rekke. Omwenners ha earst besocht it fjoer út te meitsjen en doe't de brânwacht der wie hat dy it oernommen.
De plysje sil ûndersyk dwaan nei de brân.
06:00

Goeiemoarn!

Wolkom yn it 112-livebloch fan hjoed. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Wolst appmeldingen fan updates krije? Klik dan op it beltsje boppe-oan yn de app.
It 112-nijs fan juster kinst hjirûnder weromlêze: