Liveblog
|
2 july 2025
Trije minderjierrigen oanhâlden foar brânstichtsjen op in skoalle yn Ljouwert
Hjir fynst in oersjoch fan ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje. Wolst appmeldingen fan updates krije? Klik dan op it beltsje hjirboppe.
Lêst bywurke: 2 july 2025, 16:54
16:54
Trije minderjierrigen oanhâlden foar brânstichtsjen op in skoalle yn Ljouwert
De plysje hat trije minderjierrigen oanhâlden dy't fertocht wurde fan brânstichtsjen op in skoalle oan de Julianalaan yn Ljouwert.
It ynsidint hie plak op 25 maaie. Basisskoalle IKC Sint Paulus moast fanwegen de brân in dei tichtbliuwe.
15:02
Plysje siket fertochten fan wenningoerfal Grou
De plysje hat bylden iepenbier makke fan twa minsken dy't fertocht wurde fan it oerfallen fan in wenning oan de Miniawier yn Grou.
It ynsidint barde yn de nacht fan 22 op 23 maart. De twa persoanen kamen om 2.00 oere hinne oan by de wenning. Troch te driigjen mei in fjoerwapen kamen se de wenning yn. Neffens de plysje gienen se fuort mei in grutte bút, it giet dan ûnder mear om antyk sulverwurk en sieraden.
It stellen guod siet allegear yn in kast. It liket derop dat de fertochten hiel doelfêst te wurk gienen.
De persoanen sieten op in fatbike en hawwe mooglik om 1.15 oere hinne in foarferkenning dien.
De plysje ropt minsken mei ynformaasje op om har te melden.
11:53
Telefoansteuring by provinsje
Provinsje Fryslân is op it stuit telefoanysk net berikber fanwegen in steuring. "Er wordt hard aan gewerkt om de storing zo spoedig mogelijk te verhelpen. Excuses voor dit ongemak", skriuwt de provinsje op X.
10:43
Fan wa binne dizze sieraden?
Bisto tafallich de eigener fan de sieraden op dizze foto? De juwielen binne fûn yn it fytstunneltsje ûnder de N381 tusken Selmien West en Selmien East yn Drachten.
De plysje wol de sieraden wer werombringe by de rjochtmjittige eigener. Minsken dy't witte wa't de eigener is, kinne kontakt opnimme mei de plysje.
09:11
Minderjierrige slim ferwûne
By it iensidge ûngelok op de N359 by Harich justerjûn in minderjierrige jonge fan de gemeente De Fryske Marren slim ferwûne rekke.
Yn de auto sieten ek twa manlju fan 19 en 21 fan dyselde gemeente. Ek sy rekken ferwûne.
06:22
Klupgebou yn brân
Yn it klupgebou fan jeu-de-boulesferiening Le Biberon yn Ljouwert hat fannacht brân west. It fjoer waard krekt foar middernacht ûntdutsen en doe wie de brân al útslaand.
De brânwacht hie it fjoer gau út, mar it gebou moast wol foar in part sloopt wurde om it fjoer folslein ûnder kontrôle te krijen.
Foar safier bekend rekke der gjinien ferwûne. It is net dúdlik hoe't de brân ûntstien is.