Liveblog | 18 maaie 2025

Bergsma-en-dy pakke de krânsen yn Sint-Anne | Wrâldtitel foar Kyakonye mei knockout

Hjir fynst in oersjoch fan it Fryske sportnijs. Wolst appmeldingen fan updates krije? Klik dan op it beltsje hjirboppe.

Lêst bywurke: 18 maaie 2025, 17:20
snein 18 maaie 2025
17:20

Bergsma-en-dy pakke de krânsen yn Sint-Anne

De winners yn Sint-Anne
© Martin de Jong
Marten Bergsma, Hessel Postma en Evert Pieter Tolsma ha hjoed it keatsen yn Sint-Anne wûn. Yn de finale fan de tredde haadklassepartij fan it seizoen wiene sy mei 5-1 6-2 te sterk foar Remmelt Bouma, Gerben de Boer en Jan Tymen Eisma.
De lytse preemje wie foar Menno van Zwieten, Renze Hiemstra en Tjisse Steenstra.

Partuer Krol wint yn Jobbegea

Yn Jobbegea pakten Louise Krol, Sjanet Wijnia en Gerde Lycklama à Nijeholt de earste priis. Sy wûnen yn de einstriid fan Larissa Smink, Anouk Smink en Senne Idsardi (5-3 6-4).
16:50

Hearrenfean wint fan Feyenoord

Hy is binnen! Hearrenfean wint mei 2-0 fan Feyenoord en is dêrmei pleatst foar de play-offs om Europeesk fuotbal. Doelpuntemakkers wiene hjoed Petrov en Lukovic. Kommende tongersdei stiet it earste duel fan de play-offs op it programma: in útwedstriid tsjin AZ.
16:13

Grutte kâns foar Lukovic

Se binne alwer in kertier los op It Hearrenfean. Milos Lukovic krijt in grutte kâns en komt ien-op-ien mei de doelman fan Feyenoord. Hy krijt de bal der lykwols net yn. Noch altyd 2-0.
15:41

Rêststân: 2-0

15:23

Hearrenfean op 2-0

De spilers fan Hearrenfean fiere in doelpunt
© Martin de Jong
It is 2-0 foar sc Hearrenfean! Yn de 26e minút waard de VAR ynskeakele nei in ynsidint yn it strafskopgebiet fan Feyenoord. De thúsploech krige in penalty, dy't Milos Lukovic mei beide hannen oanpakte: 2-0
15:08

Hearrenfean-Feyenoord giet sa fierder